Springe nei ynhâld

Johann Georg Wagler

Ut Wikipedy
Johann Georg Wagler

Johann Georg Wagler (Neurenberg, 28 maart 1800 - Moosach, 23 augustus 1832) wie in Dútske soölooch en herpetolooch.

Nei't er de middelbere skoalle yn syn berteplak foltôge hie, sette er yn 1818 útein mei syn wittenskiplike stúdzje as studint oan 'e Universiteit fan Erlangen.
Hy wie de assistint fan de ferneamde Dútske biolooch Johann Baptist von Spix en waard nei de dea fan Spix direkteur fan it soölogyske museum fan de Ludwig-Maximilians-Universiteit München. Hy wurke mei it mânske materiaal dat Spix út Brazylje meinommen hie. Yn it bysûnder beskreau er de slangen dy't Spix yn Brazylje sammele (1824). Yn syn Monographia Psittacorum (1832) neamde hy de Spix' ara nei syn ûntdekker. Spix ûntduts en beskreau dizze soarte, mar joech it in ûnjildige namme (homonym).

Yn totaal binne 38 genera en 62 fûgelsoarten (dy't anno 2023 noch jilde) troch him beskreaun. [1]

Wagler, dy't troud wie mei de keninklike hofsjongster Nannette Pestl, [2] waard yn 1827 keazen as bûtengewoan lid fan 'e Beierske Akademy fan Wittenskippen. Op 23 augustus 1832, doe't er 32 jier wie, stoar er yn 'e keninklike fazantery Oberer Fasangarten yn Moosach as gefolch fan in skotwûne dy't er himsels by fersin tabrocht hie. [3]

Sjoch it Dútsktalige artikel de:Johann Georg Wagler#Werke

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Johann Georg Wagler

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Gill, F, D Donsker, and P Rasmussen (Eds). 2023. IOC World Bird List (v 13.1). Doi 10.14344/IOC.ML.13.1. IOC World Bird Names (version 13.1)
  2. Hans Holzhaider: Lange Studien früher Tod (mit Unfallschilderung) yn: Süddeutsche Zeitung vom 27. Dezember 2015
  3. Eva Karl: Der tragische Tod des Zoologen Johann Georg Wagler in der Fasanerie „Oberer Fasangarten“ zu Moosach im Jahre 1832. Yn: Moosacher Geschichtsblätter, Heft 3 (2020), s. 49–52 (mit Ansichtskarte der Fasanerie Moosach von 1899 und Luftaufnahme des Oberen Fasangartens vom Juli 1936)