Springe nei ynhâld

Johann Friedrich Gmelin

Ut Wikipedy
Johann Friedrich Gmelin
klasse=skin-invert-image
klasse=skin-invert-image
Grêf fan Johann Friedrich Gmelin en de frou op it begraafplak Albani (Cheltenhampark) yn Göttingen

Johann Friedrich Gmelin (Tübingen, 8 augustus 1748Göttingen, 1 novimber 1804) wie in Dútske natuerwittenskipper, botanikus, malakolooch en entomolooch.

Johann Friedrich Gmelin waard berne as âldste soan fan Philipp Friedrich Gmelin yn 1748 yn Tübingen. Hy studearre genêskunde by syn heit oan de universiteit fan Tübingen en helle yn 1768 syn masterdiploma mei in proefskrift titele: Irritabilitatem vegetabilium, in singulis plantarum partibus exploratam ulterioribusque experimentis confirmatam, dat er ferdigene ûnder it foarsitterskip fan dokter Ferdinand Christoph Oetinger.

Yn 1769 waard Gmelin adjunkt-heechlearaar genêskunde oan de universiteit fan Tübingen. Yn 1773 waard er heechlearaar filosofy en adjunkt-heechlearaar genêskunde oan de universiteit fan Göttingen. Yn 1778 waard er befoardere ta heechlearaar genêskunde en heechlearaar skiekunde, plantkunde en mineralogy. Hy ferstoar yn 1804 yn Göttingen en leit dêr beïerdige op it Albani tsjerkhôf mei syn frou Rosine Louise Gmelin - Schott (1755-1828).

Gmelin waard al op jonge jierren in respektearre kollega fan Carl Linnaeus, nei alle gedachten doe't Linnaeus om 1770 hinne op besite wie yn Nederlân of Noard-Dútslân, en sammele út namme fan him planten út “Perzië”. Letter publisearre er ferskate learboeken op it mêd fan skiekunde, farmaseutyske wittenskip, mineralogy en plantkunde. Hy redigearre en publisearre ek de postume 13e edysje fan Systema Naturae fan Carl Linnaeus fan 1788 oant 1793. Dizze befette beskriuwingen en wittenskiplike nammen fan in soad nije soarten, dêr't fûgels by wiene dy't earder sûnder wittenskiplike namme katalogisearre wiene troch John Latham yn syn A General Synopsis of Birds. Gmelins publikaasje wurdt oanhelle as de autoriteit foar mear as 290 fûgelsoarten en ek in tal flintersoarten.

Under syn studinten wiene Georg Friedrich Hildebrandt, Carl Friedrich Kielmeyer, Friedrich Stromeyer en Wilhelm August Lampadius. Hy wie de heit fan Leopold Gmelin.

Hy beskreau de readfintonyn yn 1789. Op it mêd fan herpetology beskreau er in soad nije soarten amfibyen en reptilen. Op it mêd fan malakology beskreau en beneamde er in soad soarten slakken (gastropoda).

  • Irritabilitatem vegetabilium, in singulis plantarum partibus exploratam ulterioribusque experimentis confirmatam, 1768
  • Allgemeine Geschichte der Gifte, 2 delen, 1776/1777
  • Allgemeine Geschichte der Pflanzengifte, 1777
  • Allgemeine Geschichte der mineralischen Gifte, 1777
  • Einleitung in die Chemie, 1780
  • Beyträge zur Geschichte des teutschen Bergbaus, 1783
  • Ueber die neuere Entdeckungen in der Lehre von der Luft, und deren Anwendung auf Arzneikunst, 1784
  • Grundsätze der technischen Chemie, 1786
  • Grundriß der Pharmazie, 1792
  • Geschichte der Chemie, 1799
  • Allgemeine Geschichte der thierischen und mineralischen Gifte, 1806

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: