Johan van der Meulen
| Johan van der Meulen | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Johan van der Meulen | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 24 febrewaris 1984 | |
| berteplak | Broeksterwâld | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynfo | ||
| sport | keatsen | |
| PC | 2006, 2007, 2013 | |
| debút | 2002 | |
| karriêre-ein | 2016 | |
| ekstra | 1× PC kening (2007) | |
Johan van der Meulen (Broeksterwâld, 24 febrewaris 1984) is in earder Frysk keatser.
Van der Meulen helle 358 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 2006 wûn er mei Kor Zittema fan Bitgum en Taeke Triemstra fan Sint-Jabik foar de earste kear de PC. It jier derop wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Auke van der Graaf fan Berlstum en Taeke Triemstra. Johan van der Meulen waard ta kening útroppen. Seis jier dêrnei werhelle er dat nochris, no mei Renze Pieter Hiemstra fan Sint-Jabik en Hylke Bruinsma fan Minnertsgea as maten.
Yn 2016 naam er op de Aldehoupartij yn Ljouwert mei in earste priis ôfskied fan de haadklasse.[1] Dêrnei hat Van der Meulen noch in pear kear oan in ôfdielingswedstriid mei dien, sa wûn er yn 2018 dochs noch de Bûnspartij foar Senioaren.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |