Johan de Meester (1860-1931)

Ut Wikipedy
Johan de Meester

Johan de Meester (pseudonym fan Eliza Johannes de Meester) (Hurderwyk, 6 febrewaris 1860 - Utert, 16 maaie 1931) wie in Nederlânsk skriuwer en publisist. Hy wie ûnder mear redakteur fan de Nieuwe Rotterdamsche Courant.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Meester wie as jongkeardel in skoft ferbûn oan De Amsterdammer, wol beskôge as de foarrinner fan De Nieuwe Gids. Letter gie er as korrespondint fan Het Handelsblad nei Parys, dêr't er syn earste roman skreau: Een Huwelijk. Dat wurk wie bot beynfloede troch de Frânsk-realistyske skoalle en waard troch Lodewijk van Deyssel yn De Nieuwe Gids priizge. In jier letter waard De Meester beneamd ta redakteur fan de rubryk "Letteren en kunst" fan de Nieuwe Rotterdamse Courant; dy funskje soe er de neifolgjende jierren hâlde. Earst nei de publikaasje fan syn roman Geertje waard er ferneamd; Ids Querido neamde it boek yn Het Handelsblad "een aangrijpend stuk tragiek". Yn in tal romans oppenearre De Meester him fûl tsjin it saneamde 'boargerlik fatsoen' en it farizeïsme. Dy romans wienen benammen De zonde van het deftige dorp en Gedenk te leven.[1]

De Meester stoar hommels by it útsprekken fan in betinkingsrede by in útstalling fan wurk fan syn âldfreon, de yn 1892 ferstoarne skilder A.G.A. van Rappard. Hy wie it lêst oerbleaune lid fan de Tachtigers.

De Meester waard beïerdige op Eik en Duinen.

Beïerdiging fan Johan de Meester

De Meester en Louis Couperus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it fieren fan de 60-jierrige jierdei fan skriuwer Louis Couperus wie De Meester, neist Lodewijk van Deyssel en minister J. Th. de Visser, ien fan de sprekkers. De Meester love de ek oanwêzige boargemaster en Couperus. Hy neamde Van Deyssel de Amsterdamske man fan de jierren tachtich, lyk Couperus de Haachske man fan de jierren tachtich west hie.[2]

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1882. Kleingoed
  • 1890. Een huwelijk
  • 1892. Parijsche schimmen
  • 1899. Zeven vertellingen
  • 1902. Deemoed
  • 1902. Allerlei menschen
  • 1902. Op weg naar Transvaal. Een verhaal voor meisjes
  • 1903. Louise van Breedevoort
  • 1905. Geertje
  • 1907. Iets over de literatuur dezer dagen
  • 1908. Aristocraten
  • 1909. Lichte lijnen
  • 1912. De zonde in het deftige dorp
  • 1916. Carmen
  • 1917. De kindsheid van Harlekijntje
  • 1917. Gedenk te leven
  • 1917. Geertje
  • 1918. Dwaalpaadjes in den dooltuin der min
  • 1920. Goethe's liefdeleven
  • 1920. Vertellingen van vroeger en later
  • 1920. Walmende lampen
  • 1923. Van haar luister beroofd
  • 1925. Het avontuur van David Zangvogel
  • 1929. Eva
  • 1930. Liefdetrouw
  • 1935. De zonde in het deftige dorp
  • 1950. De wijze van Dordrecht

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Johan de Meester sr. †, yn Hepkema's Courant, 18 maaie 1931
  2. 'Rede Johan de Meester', yn Het Vaderland, 10 juny 1923