Johan Vaaler

Ut Wikipedy
Johan Vaaler
De studint Johan Vaaler yn 1887
De studint Johan Vaaler yn 1887
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit   Noarsk
berne 15 maart 1866
berteplak Aurskog
stoarn 14 maart 1910 (43 jier)
stjerplak Kristiania (no Oslo)
wurkpaad
berop/amt klerk op oktroaiburo
aktyf as útfiner

Johan Vaaler (Aurskog, 15 maart 1866Kristiania, 1910) wie in Noarsk útfiner. Yn 1899 krige er it patint op de paperclip. Hy wurdt faak sjoen as de útfiner fan dizze kantoarnoviteit, hoewol't der op it stuit dat de patinten útrikt waarden al krammerkes bestiene.

Hy studearre natuerkunde en wiskunde (studearre ôf yn 1887) en wurke fan 1892 ôf yn in oktroaiburo yn Oslo. It keizerlik oktroai waard op 12 novimber 1899 yn Dútslân ferliend, en in oare waard yn 1901 yn de FSA jûn. Noarwegen hie doe gjin oktroaiwet. Syn patint wie it earste fan 'e wrâld foar stik ark dat it papier net skansearre.

It krammerke dat er útfûn hie gjin ekonomysk sukses, der wiene al dy't better foldiene.[1] Foar safier bekend hat er net besocht kontakt op te nimmen mei potinsjele fabrikanten yn Noarwegen of yn it bûtenlân, en dat gebrek oan inisjatyf liket te befêstigjen dat er der al gau efter kaam dat der al in bettere krammerkes bestiene. Syn oktroai liet er rêstich ferrinne.

It dinkje wie polityk wol fan betsjutting. Nei de besetting fan Noarwegen yn april 1940 droegen in soad Noaren in paperclip oan de kraach fan de jas. It wie in symboal fan trou oan kening Håkon VII en it regear, dat yn ballingskip gie yn Ingelân. Dat dragen waard troch de Dútske besetter strang ferbean en bestraft.[2]

Johan Vaaler krige, mei fanwege de politike bestjutting fan it symboal paperclip, fan de Noaren in monumint foar syn útfining yn Oslo yn de foarm fan in tige grutte paperclip (7 m heech).

Yn 1999, in iuw nei de útfining, waard op er 'e nij eare yn de foarm fan in postsegel.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Petroski, Henry: "The Evolution of Artifacts", American Scientist, Volume 80, 1992, s. 416–20
  2. Moncrieff: When paperclips were used to fight the Nazis. 19 febrewaris 2015 yn Newstalk