Springe nei ynhâld

Johan Stekelenburg

Ut Wikipedy
Johan Stekelburg, 1988

Johannes (Johan) Stekelenburg (Maarssen, 31 oktober 1941Tilburch, 22 septimber 2003) wie in fakbûnsbestjoerder en politikus. Sa wie hy foarsitter fan de FNV en boargemaster fan Tilburch. Stekelenburg wie troud en hie twa bern. Syn twillingbroer Jan wurke by Studio Sport, ûnder oare as presintator. In oare broer wie gymnastyklearaar.

Sûnt 1972 wie Johan Stekelenburg as bestjoerder aktyf binnen de FNV. Earst as distriktsbestjoerder fan it Yndustrybûn FNV yn Arnhim, en yn 1977 as distriksthaad fan it Yndustrybûn FNV yn De Haach. Hy waard yn 1983 beneamd ta bûnsfoarsitter fan it Yndustrybûn FNV. Yn 1984 waard er federaasjebestjoerder fan it FNV. Yn 1985 waard Stekelenburg keazen ta fise-foarsitter en yn 1988 folge er Hans Pont op as foarsitter fan it FNV. Hy bleau foarsitter oant er boargemaster fan Tilburch waard yn 1997.

Sûnt 1966 wie Stekelenburg aktyf binnen de PvdA. Sûnt juny 1999 fertsjintwurdige er de PvdA yn de Earste Keamer. Earst as lid, sûnt 10 juny 2003 as lieder fan de PvdA-fraksje yn de Earste Keamer. Begjin 2003 foel syn namme as kandidaat-premier foar de PvdA, mar hy heakke ôf yn ferbân mei syn sykte.

Boargemaster Tilburch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1997 waard Stekelenburg beneamd ta boargemaster fan Tilburch. Hy waard bekend as in boargemaster dy't iepen en oprjocht mei syn boargers omgie, dêrom wienen de Tilburgers tige wiis mei him. Yn 1998 brocht er sels in karnavalsliet út.

Njonkenfunksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stekelenburg wie lid fan de Ried fan Tafersjoch fan de Technyske Universiteit Delft. Hy wie foarsitter fan de kommisje Wedstriden en Akkomodaasjes fan it KNVB en fan de Ried fan Tafersjoch fan de Anne Frank Stichting.

Begjin 2003 waard by Stekelenburg sloktermkanker konstatearre. Neidat er ynearsten fan de sykte genêzen like te wêzen (nei in gemokuer), lei er healwei septimber 2003 dochs syn wurk as boargemaster del. Hy ferstoar in wike letter. As boargemaster fan Tilburch waard er opfolge troch Ruud Vreeman.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: