Johan Oxenstierna
| Johan Oxenstierna | ||
| Johan Oxenstierna (1932) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Johan Gabriel Oxenstierna af Korsholm och Wasa | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 28 augustus 1899 | |
| berteplak | Stockholm | |
| stjerdatum | 18 july 1995 | |
| stjerplak | Täby | |
| sportive ynformaasje | ||
| sport | Moderne fiifkamp | |
| O.S. | Los Angeles 1932 | |
| wichtige prestaasjes | ||
Johan Gabriel Oxenstierna af Korsholm och Wasa (Stockholm, 28 augustus 1899 - Täby, 18 july 1995) wie in Sweedsk moderne-fiifkamper.
Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, yn datselde jier waard hy ek Sweedsk kampioen moderne fiifkamp.
Oxenstierna wie in telch út ien fan 'e âldste aadlike famyljes yn Sweden. Hy tsjinne yn 'e Sweedske Marine en waard yn 1932 oansteld as marine-attasjee op 'e Sweedske ambassade yn Parys. Yn de Twadde Wrâldkriich wie er militêr attasjee op 'e Sweedske ambassade yn Londen. Syn kodearre berjochten oan it Sweedske regear yn Stockholm waarden dekodearre en op ferriedlike manier trochjûn oan 'e Dútsers troch in Sweedske amtner dy't mei de nazys sympatisearre. Sa waard Oxenstierna bûten syn eigen skuld om foar nazy-Dútslân in wichtige boarne fan op it mêd fan ynformaasje oer de Alliëarde marine. Hy swaaide yn 1954 út de Sweedske Marine ôf mei de rang fan kaptein-op-see.
Oxenstierna wie in broer fan fan de keunstneres Sigrid Aminoff. Hy troude twaris (syn earste houlik einige yn 1946 yn in skieding) en hie twa soannen en in dochter. Syn pakesizzer Anna Oxenstierna wie in profesjoneel golfster. Johan Oxenstierna ferstoar op 18 july 1995, yn 'e âldens fan 95 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
