Johan Benjamin William Bolomeij

Ut Wikipedy

Johan Benjamin William Bolomeij (Gorkum, 31 maart 1877Haarlim, 24 novimber 1954) wie boargemaster fan It Amelân fan 1906 oant 1942.

Bartolomeij wie de opfolger fan Hendrik Kuipers. Hy waard op 1 july 1942 ûntslein troch de Dútske besetter en de moanne dêrnei opfolge troch NSB-boargemaster Bouk Bakker. Hy wie troud mei de fan It Amelân ôfkomstige Lemke Postma (Nes, 1892 - Ljouwert, 1972). Under Bolomeij's boargemasterskip feroare it eilân fan in sterk isolearre mienskip yn in eilân mei in soad toeristyske aktiviteit.

Hy en syn frou waarden beïerdige op it algemiene begraafplak yn Nes. Der is yn it doarp Nes in strjitte nei him ferneamd, de Burgemeester Bolomeijweg.