Johan August Wahlberg
| Johan August Wahlberg | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 9 oktober 1810 | |
| stoarn | 6 maart 1856 | |
| wurkpaad | ||
| berop/amt | natuerûndersiker | |
| aktyf as | ornitolooch, ûntdekkingsreizger | |
Johan August Wahlberg (Lagklarebäck, 9 oktober 1810 - Ngamimar, protektoraat Beetsjûanalân, 6 maart 1856) wie in Sweedske natuerûndersiker en ûntdekkingsreizger.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wahlberg studearre fan 1829 ôf skiekunde oan de Universiteit fan Uppsala. Letter studearre er ek boskbou, lânboukunde en natuerwittenskippen. Hy helle yn 1834 syn diploma oan it Sweedske Boskbouynstitút (Skogsinstitutet). Yn 1836 wurke er by it Generallantmäterikontoret (Lânmjitkundichburo), waard oansteld as yngenieur en waard dosint oan it Sweedske Kolleezje foar Lânmjitkunde.
Foardat er ôfstudearre, hie er al ferskate reizen makke. Yn 1832 begelate er de ferneamde entomolooch professor Carl Henrik Boheman op in wittenskiplike ekspedysje nei Noarwegen, en yn de jierren dêrnei besocht er ferskate ûndersyksprojekten op it mêd fan boskbou yn Sweden en Dútslân. Yn 1837 waard Wahlberg troch it Naturhistoriska riksmuseet (Ryksmuseum foar Natuerhistoarje) yn Stockholm frege om eksimplaren fan Súd-Afrikaanske floara en fauna te sammeljen foar de kolleksjes fan it museum.
Hy sette yn 1838 ôf mei in lyts jierjild nei Kaapstêd. Hy sammele tûzenen eksimplaren fan bisten, planten en mineralen; mei't er hieltyd mear fan dizze samlingen nei it museum stjoerde, krige er de middels om ferskate ekspedysjes nei it binnenlân te ûndernimmen – ûndernimmings dy't er ek finansierde troch op oaljefanten te jeien en ivoar te ferkeapjen. Hy reizge tusken 1838 en 1856 troch súdlik Afrika en kaam om it libben troch in ferwûne oaljefant wylst er de Okavango-regio yn it hjoeddeistige Botswana ferkende.
Foardat it nijs fan syn ferstjerren yn Sweden bekend waard, waard er op 8 oktober 1856 keazen ta lid fan de Keninklike Sweedske Akademy fan Wittenskippen; it nijs fan syn ferstjerren hie Stockholm op dat stuit noch net berikt.
Nei Wahlberg ferneamd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wahlberg syn namme wurdt ferivige yn Wahlbergearn (Aquila wahlbergi, Sundevall 1851), brúnrechhuningspeurder (Prodotiscus regulus, Sundevall 1850), kustielgoes (Phalacrocorax neglectus), Wahlbergs epauletflearmûs (Epomophorus wahlbergi), de boskpiper (Arthroleptis wahlbergii Smith, 1849; in kikkert), de stikelblombidsprinkhoanne (Pseudocreobotra wahlbergii, Carl Stål, 1871)[1] en in beam (Entada wahlbergi).
Hy waard ek ferivige yn de wittenskiplike nammen fan fjouwer soarten hagedissen: Wahlbergs ferwielgekko (Homopholis wahlbergii), de Kalaharygrûngekko (Pachydactylus wahlbergii), de Angoleeske slange-eachskink (Panaspis wahlbergii) en Wahlbergs streekte skink (Trachylepis wahlbergii).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|