Springe nei ynhâld

Joep Coppens

Ut Wikipedy
Joep Coppens
keunstner
Joep Coppens (1992)
Joep Coppens (1992)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJosephus Godefridus Maria Coppens
nasjonaliteit Nederlânsk
berne19 desimber 1940
berteplakEindhoven
stoarn6 maart 2024
stjerplakVlierden
wurkpaad
wurksum asByldzjend keunstner

Josephus Godefridus Maria (Joep) Coppens (Eindhoven, 19 desimber 1940 - Vlierden, 6 maart 2024) wie Nederlânske byldzjend keunstner en frijwillich mûnder.

Coppens wenne mei syn frou, de keunstskilderes en skriuwster Els Coppens-van de Rijt, yn Vlierden by in stiennen bultmûne mei de namme Johanna-Elisabeth, ferneamd nei syn frou. Joep Coppens wie de soan fan de Eindhovenske fotograaf Martien Coppens. Hy trochrûn de Hegere Boargerskoalle. Ein jierren '50 sette er útein mei it meitsjen fan syn byldhouwurk, nei ien jier stúdzje oan de Einhovenske Akademy foar Yndustriële Foarmjouwing, syn oplieding oan de Hegeskoalle foar Byldzjende Keunsten de Jan van Eyck Academie ûnder lieding fan de byldhouwer Fred Carasso yn Maastricht en syn atelierstúdzjes oan de Ateliers '63 by Wessel Couzijn yn Amsterdam.

Joep Coppens wenne en wurke yn Vlierden yn syn ateliers by it hûs en de mûne, dy't er sels 28 jier draaiende hâlden hat. Hy wie 28 jier lang frijwillich mûnder yn de gemeente Deurne en late ek oankommende frijwillige mûnders op. Oan hûs hie er in byldetún en de eksposysjeromte. Coppens wie fan 1978 oant 1997 foarsitter fan geakundige rûnte H.N. Ouwerling te Deurne. Tusken maart 1997 en 2021 siet er yn de monumintekommisje fan de gemeente Deurne.

Joep Coppens ferstoar op 6 maart 2024, yn 'e âldens fan 83 jier, nei in slimme sykte.

Wurken fan Joep Coppens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy: NL