Joaquín de la Cantolla

Joaquín de la Cantolla y Rico (Meksiko-Stêd, 1837 - dêre, 1914) wie in Meksikaanske telegrafist en ballonfarder. Cantolla wie ien fan de populêrste persoanen yn Mexico-Stad oan de ein fan de 19e iuw. Hy stie derom bekend dat er him by syn presintaasjes altyd klaaide yn pak en mei silinderhoed, wylst op syn luchtballons it wapenskyld fan Meksiko ôfbylde wie.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Joaquín de la Cantolla waard yn 1829 berne yn Meksiko-stêd as soan fan Juan de la Cantolla, in Spanjert út Liérganes, Kantabrië, en Soledad Rico. Nei syn basisstúdzje gie er nei de militêre akademy fan it kastiel fan Chapultepec (Castillo de Chapultepec). Hy die mei oan de ferdigening fan it kastiel by de Amerikaanske ynvaazje, mar helle syn diploma net. In buskrûdûngelok makke dat er net mear yn militêre tsjinst mocht omdat er in each ferlear. Letter wurke er by de Nasjonale Telegraaf.
De la Cantolla hie in passy foar fleanen, waard ynspirearre troch de ballonnen fan de bruorren Montgolfier en de flecht fan Benito León Acosta út Guanajuato yn 1844 yn Morelia. Cantolla rjochte de Empresa Aerostática de Méxio op en frege yn 1862 oerheidsstipe om persoanlike proeven út te fieren mei it bestjoeren fan loftskippen.
Undersyk en ûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas dy fan de bruorren Wilson, waarden De la Cantolla's ballonnen makke fan snien en naaide Ingelske tekken. De la Cantolla fûn in alkoholflamregelsysteem út om it opstigen en sakjen fan de ballon te regeljen en sa de tafier fan hjitte lucht te ferbetterjen. De útfining waard analysearre troch eksperts en mei sukses teste op 22 oktober 1877 op de binnenplein fan de Escuela de Ingenieros del Colegio de Minería.
Ungemakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op in kear fleach er boppe Meksiko-stêd doe't in stoartbui fan hite lucht de ballon yn it dakrút fan in hûs yn de Salto del Agua Straat smiet en troch it dak hinne sloech. De famylje oerwûn de skrik en joech him mear as ien kear in pak op 'e bealch.
Op 10 novimber 1863, doe't er de lêste hân lei oan de tariedings foar in opstiging fan it Plaza de Armas ôf, krige er de help fan in taskôger, de snider Avilés, om ien fan de touwen fêst te hâlden. Doe't de ballon omheech gie, gong de skroar efterop mei de tuier oan'e skonk bûn en foel er dea boppe it Nasjonaal Paleis.
Lêste flecht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1914 hie Alberto Braniff, de earste Meksikaan dy't yn 1908 yn in fleantúch fleach, út Frankryk in ballon mei seis sitplakken en in ekspert, Julio Dubois, ynhelle om him te betsjinjen en hy nûge De la Cantolla út foar in testflecht. Neidat de ballon op grutte hichte wie, waard er fanwegen in loftoanfal omlaat nei de Chalco Delling, in gebiet dat regearre waard troch de Zapatista troepen fan generaal Genovevo de la O, dy't besochten de ballon del te sjitten. It leger foarkaam fierdere skea, mar de skrik wie te grut foar Joaquín de la Cantolla, dy't thúskommen in oerhaal krige en in pear dagen letter ferstoar.