Springe nei ynhâld

Joanne Dru

Ut Wikipedy
Joanne Dru
akteur
Joanne Dru yn 1960.
Joanne Dru yn 1960.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJoan Letitia LaCock
nasjonaliteit Amerikaansk
berne31 jannewaris 1922
berteplakLogan (West-Firginia)
stoarn10 septimber 1996
stjerplakLos Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Ingelsk
Nederlânsk
Hugenoatsk
jierren aktyf19461980
offisjele webside
Joanne Dru yn 'e IMDb

Joanne Dru (wiere namme: Joan Letitia LaCock; Logan (West-Firginia), 31 jannewaris 1922Los Angeles, 10 septimber 1996) wie in Amerikaansk aktrise dy't it hichtepunt fan har karriêre yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren en yn 'e 1950-er jierren belibbe. Se spile benammen yn films en tillefyzjesearjes. Dru krige bekendheid mei rollen yn films as Red River, She Wore a Yellow Ribbon, All the King's Men en Wagon Master.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Joanne Dru waard yn 1922 berne yn Logan yn 'e Amerikaanske steat West-Firginia as Joan Letitia LaCock. Hja wie foar it meastepart fan Ingelsk en Nederlânsk etnysk komôf. De efternamme 'LaCock' wie in beërf fan Hugenoatske (protestantske Frânske) foarâlden, dy't yn 'e santjinde iuw Frankryk ûntflechte wiene foar leauwensferfolging. Dru wie de âldere suster fan Peter Marshall, in akteur en sjonger dy't better bekend waard as de oarspronklike presintator fan 'e Amerikaanske tillefyzjekwis Hollywood Squares.

In publisiteitsfoto fan Joanne Dru út 1953.

Yn 1940 sette Dru mei achttjin jier nei New York, dêr't se earst wurk fûn as model en letter in lytse rol krige yn it toanielstik Hold On to Your Hats op Broadway. Doe't se mids 1940-er jierren nei Los Angeles ferfear, spile se dêr yn 't earstoan ek op it toaniel. Dêr waard se opmurken troch in talintescout fan 'e filmyndustry fan Hollywood. Har earste filmrol hie Dru yn 1946 yn 'e Abie's Irish Rose.

It hichtepunt fan har karriêre belibbe Dru yn 'e folgjende tsien jier, doe't se in protte yn films en tillefyzjesearjes te sjen wie. Se waard gauris cast yn westerns, lykas Red River (1948) fan regisseur Howard Hawk, en She Wore a Yellow Ribbon (1949) en Wagon Master (1950), beide fan John Ford. Dêrnjonken krige Dru in protte lof foar har aktearprestaasje yn 'e dramafilm All the King's Men út 1949, dy't de Oscar foar Bêste Film wûn. Se spile ek yn 'e film noir 711 Ocean Drive (1950), de dramafilm Thunder Bay (1953) en de komeedzjefilm 3 Ring Circus (1954). Yn 'e biografyske sportfilm The Pride of St. Louis (1952), fertolke se de rol fan Patricia Nash Dean, de frou fan honkballer Dizzy Dean, en yn it bibelske drama Day of Triumph (1954) spile se Marije Magdalena.

Har karriêre as filmaktrise sakke yn 'e twadde helte fan 'e 1950-er jierren wat yn, mar Dru wie yn dy snuorje nammenste mear op 'e tillefyzje te sjen. Dêr hie se fral gastrollen yn searjes, mar yn 19601961 spile se ien fan 'e haadrollen as Babs Hooten yn 'e komeedzjesearje Guestward Ho! fan tillefyzjenetwurk ABC. Nei't dy searje stopsetten wie, ferskynde Dru yn 'e rest fan 'e 1960-er jierren en de 1970-er jierren almar mear sporadysk op 'e tillefyzje en noch mar yn in pear films. Har lêste rol hie se yn 1980 yn 'e Italjaanske aksjekomeedzje Poliziotto Superpiù.

In byld út 'e tillefyzjesearje Guestward Ho! (1960). Babs (Joanne Dru) en har man Bill Hooten (Mark Miller) ûntdekke dat ien fan 'e hynders op harren fakânsjeranch leaver yn 'e lobby tahâldt as yn syn stâl.

Benammen foar har bydragen oan 'e tillefyzjeyndustry krige Joanne Dru yn 1960 in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.

Joanne Dru troude fjouwer kear. De earste kear wie yn 1941 mei sjonger en akteur Dick Haynes. Dat houlik, dêr't Dru trije bern út krige, einige yn 1949 yn in skieding. Minder as in moanne letter wertroude Dru mei akteur John Ireland, har tsjinspiler út 'e film All the King's Men. Fan him skiede se yn 1957 sûnder bern krigen te hawwen. Ut har lêste beide houliken hie se likemin bern. Dy wiene mei in George Pierose fan 1963 oant syn ferstjerren yn 1972, en mei de ûntwerper fan ferdivedaasjeparken C.V. Wood fan 1972 oant syn ferstjerren yn 1992.

Op polityk mêd wie Dru in fûleindich oanhinger fan 'e Republikeinske Partij. Se stipe de Republikeinske presidintskandidaat Barry Goldwater by de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 1964 en wie yn 1968 ien fan 'e nûge gasten by in cocktailparty om jild yn te sammeljen foar de politike kampanje fan Richard Nixon.

Joanne Dru ferstoar op 10 septimber 1996 yn Los Angeles yn 'e âlderdom fan 74 jier. De deadsoarsaak wie in oandwaning oan 'e luchtwegen dy't him ûntwikkele hie út lymfoedeem. Neffens har broer Peter Marshall wie dy oandwaning it gefolch fan 'e gemoterapy dy't Dru earder yn har libben krigen hie. Joanne Dru waard kremearre, wêrnei't har jiske útstruid waard oer de Stille Oseaan.

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1946Abie's Rose MarieRosemary Murphy Levy
1948Red RiverTess Millay
1949She Wore a Yellow RibbonOlivia Dandridge
1949All the King's MenAnne Stanton
1950Wagon MasterDenver
1950711 Ocean DriveGail Mason
1951Vengeance ValleyJen Strobie
1951Mr. Belvedere Rings the BellHarriet Tripp
1952Return of the TexanAnn Marshall
1952The Pride of St. LouisPatricia Nash Dean
1952My Pal GusLydia Marble
1953Thunder BayStella Rigaud
1953Hannah Lee: An American PrimitiveHannah Lee / Hallie McLaird
1953ForbiddenChristine
1954Duffy of San QuentinAnne Halsey
1954Siege at Red RiverNora Curtis
1954Southwest PassageLilly
19543 Ring CircusJill Brent
1954Day of TriumphMarije Magdalena
1955The Dark Avengerlady Joan Holland
1955Sincerely YoursMarion Moore
1955Hell on Frisco BayMarcia Rollins
1957DrangoKate Calder
1958The Light in the ForestMilly Elder
1959The Wild and the InnocentMarcy Howard
1960September StormAnne Traymore
1965SylviaJane Bronson Phillips
1980Poliziotto SuperpiùRosy LaBouche
tillefyzje
1951Your Show of Showsûnbekendgastrol; ôfl. 2.19
1951Pulitzer Prize PlayhouseChristina Phelpsgastrol; ôfl. The Silver Cord
1953Robert Montgomery Presentsûnbekendgastrol; ôfl. Betrayed
1953Schlitz Playhouse of StarsDinnygastrol; ôfl. Richard and the Lion
1953The Revlon Mirror Theaterûnbekendgastrol; ôfl. Heads or Tails
1954The Ford Television Theatredoktergastrol; ôfl. Just What the Doctor Ordered
1954Lux Video TheatreNancygastrol; ôfl. Call of the Wedding
1954The Ford Television TheatreWendygastrol; ôfl. Yours for a Dream
1954Lux Video TheatrePollygastrol; ôfl. An Angel Went AWOL
1955Four Star PlayhouseDelightgastrol; ôfl. A Kiss for Mr. Lincoln
1955The Star and the StoryPat Lowrygastrol; ôfl. Brief Affair
1955The Ford Television TheatreMyla Marshallgastrol; ôfl. Celebrity
1955Letter to LorettaAlicegastrol; ôfl. The Waiting Game
1955Climax!Marciagastrol; ôfl. The Darkest Hour
1955The Ford Television Theatrelady Mary Tighegastrol; ôfl. Passage to Yesterday
1956Schlitz Playhouse of Starsûnbekendgastrol; ôfl. The Gentle Stranger
1956Jane Wyman Presents: The Fireside Theatre  Kitturagastrol; ôfl. The Mirror
1956Celebrity PlayhouseKay Gordongastrol; ôfl. Shadow of a Thief
1956Studio 57Marthagastrol; ôfl. The Palm Springs Incident
1956Lux Video TheatreLane Bellamygastrol; ôfl. Flamingo Road
1956Climax!Nancygastrol; ôfl. Night Shriek
1957Playhouse 90Elizabeth Blackwellgastrol; ôfl. The Blackwell Story
1957Lux Video TheatreMariannegastrol; ôfl. Paris Calling
1957Wagon TrainLaura Collinsgastrol; ôfl. The Nels Stack Story
1957Matinee Theaterûnbekendgastrol; ôfl. The Ransom of Sigmund Freud
1958Studio OneSuzie Sherrellgastrol; ôfl. The Brotherhood of the Bell
1958General Electric TheaterAlice Gilesgastrol; ôfl. All I Survey
1958Colgate TheatreMarilyn Woodsgastrol; ôfl. Adventures of a Model
1958The Red Skelton ShowSallygastrol; ôfl. Valentine Day's Double Date
1959The David Niven ShowEllen Bairdgastrol; ôfl. The Lady from Winnetka
1960Goodyear Theatre en Alcoa TheatreKate Ballistergastrol; ôfl. Capital Gains
1960–1961Guestward Ho!Babs Hootenfêste rol; 38 ôfl.
1964Burke's LawSolange Kellygastrol; ôfl. Who Killed the Eleventh Best Dressed Woman in the World?
1965The Long, Hot SummerMartha Rossgastrol; ôfl. Nor Hell a Fury
1967The Green HornetSabrina Bradleygastrol; ôfl. Corpse of the Year, Part 1 en Part 2
1967Bob Hope Presents: The Chrysler TheatreGina Suttongastrol; ôfl. To Sleep, Perchance to Scream
1970The Governor & J.J.Karen Bradshawweromkearende rol; ôfl. Bye, George en Twice in a Lifetime
1971The Smith FamilyLisa Bentongastrol; ôfl. Remember Lisa
1975Marcus Welby, M.D.Dorothy Brandergastrol; ôfl. Dark Corridors
harkspullen
1952Stars over Hollywoodûnbekend
1953Hollywood Star Playhouseûnbekend

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.