Springe nei ynhâld

Joadsk Histoarysk Bernemuseum

Ut Wikipedy
Max de Matze
De koken
Studearkeamer
Sliepkeamer
famylje Hollander

It Joadsk Histoarysk Bernemuseum is in ûnderdiel fan it Joadsk Histoarysk Museum oan de Nije Amstelstrjitte 1 yn Amsterdam.

It museum dat iepene waard yn 2006, lit bern sjen hoe't it is om joadsk te wêzen. It is spesjaal bedoeld foar bern fan 8 oant en mei 12 jier. It museum moat der ta bydrage oan it gefoel dat groepen net stigmatisearre wurde meie. Der is wol omtinken oan de oarloch mar sintraal stiet de joadske kultuer yn it libben fan in Joadske húshâlding. Neffens de joadske tradysje en kultuer libbet men mei de opdracht de wrâld mear folmakke te meitsjen en it libben te hilligjen. Fan moarns ier oant jûns let, fan berte oant de dea: alles wat immen docht en lit, telt mei. Bern fernimme ek dat der neist ferskillen ek oerienkomsten binne mei de eigen libbenswize en tradysjes. It museum bestiet út in oantal keamers yn it hûs fan Max de Matze en yn elke keamer kin in aktiviteit dien wurde: in eigen bôle flechtsje yn de koken, muzyk meitsje, dreame yn de sliepkeamer en saken fan in oare kant sjen yn de studearkeamer. Ek de meubels dogge mei yn de ferhalen. Sa ferhaalt de tafel yn de koken oer de diaspoara, leit it dressoir yn de wenkeamer út wat of wa't joadsk is en kin it Hebriuwske alfabet skreaun wurde middels de ynstruksje op de lampe.

De besiker fan de ynteraktive webstee is te gast op in feest by de famylje Hollander. Elk famyljelid fertelt yn ien fan de keamers oer in tema. In besiker ûntdekt boartsjendewei hoe't it is om joadsk te wêzen. Sa is der ynformaasje oer sjabbat, koosjer iten, de Toara, joadske muzyk en materiaal foar sprekbeurten. Dêrneist kinne besikers firtueel in eigen keamer ynrjochtsje yn it hûs fan de famylje Hollander en kinne spesjaal makke films fan sineast Frans Weisz besjoen wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: