Springe nei ynhâld

Joachim Gottschalk

Ut Wikipedy
Grêf fan'e famylje Gottschalk, Südwestkirchhof Stahnsdorf.

Joachim Gottschalk (10 april 19046 novimber 1941) wie yn 'e jierren 1930 in suksesfol toaniel- en filmakteur yn Dútslân, dy't tragysk ferstoar yn 'e Twadde Wrâldkriich.

Monumint op it plak dêr't Gottschalk berne is.

Joachim Gottschalk waard berne op 10 april 1904 yn Calau yn 'e Prusyske provinsje Brandenburch. Hy folge it gymnasium yn Cottbus en folge letter yn Cottbus en Berlyn in toanieloplieding. Yn Stuttgart moete er de joadske aktrise Meta Wolff (1902-1941). Hja trouden op 3 maaie 1930 yn Halberstadt, flak foardat Hitler oan 'e macht kaam. Se krigen tegearre in soan yn 1933, Michael.

Nei de machtsoername fan 'e nazy's yn 1933 inisjearre propaganda-minister Joseph Goebbels de Reichskulturkammer. Akteurs moasten harren by de Theaterkammer oanslute troch in bewiis fan aryske komôf te toanen. Dat betsjutte foar Gottschalks frou Meta Wolff as joadinne in Berufsverbot (Beropsferbod).

De Neurenberger Wetten fan 1935 ferbeaën mingd houliken, mar troch it sukses fan Gottschalk lieten de nazy's him ynearsten gewurde. Sûnt 1934 spile Gottschalk yn it Schauspielhaus Frankfurt en yn 1938 joech er him by it Volksbühne ensemble yn Berlyn. Yn itselde jier sette er útein mei de filmkarjêre mei in rol yn 'e film Du und Ich fan Wolfgang Liebeneiner, tegearre mei de populêre Dútske aktrise Brigitte Horney.

Gottschalk yntrodusearre syn frou op sosjale gelegenheden en stelde har oan belangrike nazy's foar. Doe't Joseph Goebbels dêr lucht fan krige, dy't it lêste wurd hie oer wa't yn 'e filmyndustry wurkje mocht, easke er dat Gottschalk him fan syn frou skiede soe. Doe't Gottschalk wegere, joech Goebbels de opdracht om syn frou en soan op te pakken om se te deportearjen nei it konsintraasjekamp Theresienstadt. Gottschalk easke om mei te gean nei Theresienstadt, mar Goebbels joech opdracht om Gottschalk op te roppen foar tsjinst yn 'e Wehrmacht.

Op 6 novimber 1941, krekt foardat de Gestapo ferwachte waard om se op te heljen, dienen Gottschalk en syn frou harrensels tekoart troch de gaskraan iepen te setten. Hja namen ek harren soan Michael mei yn 'e dea. Se waarden begroeven op it Südwestkirchhof Stahnsdorf by Berlyn. Tsjin de warskôgings fan Goebbels yn, wennen Brigitte Horney en Wolfgang Liebeneiner en oare artisten lykas Gustav Knuth, Hans Brausewetter, Werner Hinz en Ruth Hellberg de begraffenis by.

Goebbels hold de tragyske dea fan Gottskalk bûten it Dútske nijs, mar it waard dochs bekend en miljoenen Dútsers rouden om syn dea. Fanwegen de sinsuer wisten de measte leafhawwers fan Gottschalk lykwols neat oer de tadracht.

Nei de oarloch waard Gottschalk rehabilitearre as in slachtoffer fan it nazy-rezjym. Syn ferhaal waard bekend as in symboal fan leafde en moed yn in tiid fan haat en ûnderdrukking.

Yn 1947 regisearre Kurt Maetzig it drama "Ehe im Schatten" (Houlik it Skaad) foar de Deutsche Film-Aktiengesellschaft neffens in novelle fan Hans Schweikart oer it lot fan de famylje Gottschalk.

De film "Die Mörder sind unter uns" (De moardners binne ûnder ús) wie yn 1947 ien fan 'e earste films nei de oarloch yn Dútslân. De film wurdt as in net direkte, mar symboalyske reaksje op trageedzjes lykas dy fan 'e famylje Gottschalk beskôge.

"Die Schauspielerin (1988) is in East-Dútske film, basearre op it ferhaal fan Gottschalk, mar mei oare nammen. It toant de tragyk fan in akteur dy't net fan syn joadske frou skiede wol.

Der binne ferskate boeken dy't it libben fan Gottschalk beskriuwe. Ien dêrfan is "Joachim Gottschalk: Eine Liebe in Deutschland" fan Friedrich Luft. Dat boek jout in yngeand byld fan syn libben, leafde en de trageedzje fan syn ein.

  • 1938: Du und ich – Regy: Wolfgang Liebeneiner
  • 1939: Aufruhr in Damaskus – Regy: Gustav Ucicky
  • 1939: Eine Frau wie Du – Regy: Viktor Tourjansky
  • 1939: Flucht ins Dunkel – Regy: Arthur Maria Rabenalt
  • 1940: Ein Leben lang – Regy: Gustav Ucicky
  • 1941 Das Mädchen von Fanö – Regy: Hans Schweikart
  • 1941: Die schwedische Nachtigall – Regy: Peter Paul Brauer
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op en:Joachim Gottschalk