Jimke van Loon

Ut Wikipedy
Jimke van Loon

Jimke Harmens van Loon (Warten, 22 novimber 1855 - Mitselwier, 13 july 1920) wie in Frysksinnich ûnderwizer, dy't wolris wat mei de Fryske skriuwerij pielde.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jimke wie in soan fan Harmen Jimkes fan Loon (skoalhaad yn Warten) en Eke Lutzens Jager.

Van Loon wie ek ûnderwizer yn Warten fan 1877 oant 1879 en letter noch yn Menaam. Op 1 jannewaris 1882 waard er beneamd as haad fan de (iepenbiere) legere skoalle yn Mitselwier. Hy wie troud mei Jantsje Brouwer (Winaam,27 juny 1851 - Mitselwier, 23 juny 1885).
Hy boaske op 'en nij, yn maaie 1891, mei Nynke Roorda, dochter fan mr. Roorda fan Eanjum. Yn 1916 waard er fanwegen syn sûnens earfol ûntslein.

Yn 1917-1918 wie Van Loon meiwurker fan it tydskrift 'Fryslân' (dat útjûn waard troch it Frysk Selskip fan 1916 oant 1941). Fierders wie er warber foar de Fryske Mij, de Landbouw Onderlinge te Mitselwier en tsjerke. [1]

Op 13 july 1920 is er yn de âldens fan 60 jier ferstoarn. Yn Mitselwier is de Master fan Loanstrjitte, dêr't de doetiidske skoalle oan lei, nei him neamd.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wumkes, G. A., Bodders yn de Fryske Striid, 1926. List fan bodders nei 1900