Springe nei ynhâld

Jill Biden

Ut Wikipedy
Jill Biden
politikus
Jill Biden (2024)
Jill Biden (2024)
echte nammeJill Tracy Jacobs Biden
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum3 juny 1951
berteplakHammonton (Nij-Jersey)
etnisiteit Italjaansk
Ingelsk
Skotsk
partijDemokratyske Partij
First Lady fan de Feriene Steaten
amtsperioade20212025
foargongerMelania Trump
opfolgerMelania Trump

Jill Tracy Jacobs Biden (berne Jacobs, earder Stevenson; berne Hammonton (Nij-Jersey) 3 juny 1951) is in Amerikaanske ûnderwiisster dy't de First Lady fan 'e Feriene Steaten wie, fan 2021 oant 2025, troch har houlik mei Presidint Joe Biden. Hja tsjinne ek, fan 2009 oant 2017, as de Second Lady fan 'e Feriene Steaten, doe't har man Fise-presidint wie.

Jill Tracy Jacobs waard berne yn Hammonton, New Jersey, as âldste fan fiif famkes fan Donald C. Jacobs, bankier, en Bonny Jean Jacobs. Hja groeide op yn Willow Grove, Pennsylvania. Hja studearre earst in jier oan 'e Widener Universiteit en in jier letter gie se oer nei de Universiteit fan Delaware. Dêre kaam se yn 'e kunde mei Bill Stevenson, dêr't se yn 'e âldens fan 18 jier mei boaske. Dat houlik duorre fiif jier. Yn 1975 kaam se yn 'e kunde mei Joe Biden, dy't op dat stuit senator fan 'e steat Delaware wie. Hja boaske yn 1977 mei him. Hja waard de styfmem fan Joe syn twa soannen, Beau en Hunter, út syn earste houlik; harren mem en harren jongere suster kamen om by in auto-ûngemak yn 1972. Hja hawwe in dochter, Ashley, berne yn 1981. Sy hat in bachelordiploma en in doktoraat fan 'e Universiteit fan Delaware, en masterdiploma's fan 'e West Chester University en de Villanova University. Sy joech 13 jier lang Ingelsk en lêzen op 'e middelbere skoalle en joech ek les oan jongeren mei emosjonele beheiningen yn in psychiatrysk sikehûs. Fan 1993 oant 2008 wie sy Ingelsk- en skriuwynstrukteur oan it Delaware Technical & Community College.

Wylst har man fise-presidint wie, hat hja in betelle baan hân. Fan 2009 oant 2024 wie hja heechlearaar Ingelsk oan it Northern Virginia Community College, neist har rol as Twadde Dame, letter Earste Dame, fan 'e Feriene Steaten, Sy is de oprjochter fan 'e non-profit organisaasje Biden Breast Health Initiative, mei-oprjochter fan it Book Buddies-programma en fan 'e Biden Foundation, is aktyf yn Delaware Boots on the Ground, en is ek mei-oprjochter fan Joining Forces mei eardere First Lady Michelle Obama.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]