Springe nei ynhâld

Jonkhear

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jhr.)
Rangkroan fan in jonkhear

Jonkhear (ôfkoarting: jhr.) is in aadlik predikaat (en gjin aadlike titel, sa't faak wol tocht wurdt). It froulike ekwifalint is jonkfrou(we) (ôfkoarting: jkfr.).

Dit predikaat wurdt brûkt troch de measte leden fan aadlike famyljes. It tsjut oan dat men wol by de adel heart, mar gjin titel hat. It wurdt ek brûkt foar froulju mei in titel om oan te jaan dat se noch net troud binne.
It predikaat wurdt foar de folsleine namme setten. In tal foarbylden:

  • Jhr. mr. X.Y.Z. Teding van Berkhout
  • De frou fan in jonkhear fiert gjin predikaat. De krekte foarm is dan Frou X.Y.Z. Teding van Berkhout (mei de inisjalen fan har man) of Frou G.H. Teding van Berkhout - Bakker (mei har eigen inisjalen).
  • Adressearret men beiden, dan wurdt it Jonkhear en frou X.Y.Z. Teding van Berkhout of Jhr. en frou Teding van Berkhout - Bakker.
  • De net-troude dochter fan in jonkhear is in jonkfrou, bygelyks Jkfr. A.B.C. Teding van Berkhout. At hja trout ferliest har namme it predikaat, oft hja de namme fan har man oannimt of net. Hja wurdt dan Frou X.X. Bakker (mei de inisjalen fan har man) of Frou Bakker - Teding van Berkhout, eventueel mei tafoeging fan har eigen inisjalen.
  • De net-troude dochter fan in baron wurdt adressearre as Jkfr. D.E.F. barones Calkoen, in net-troude dochter fan in greve as Jkfr. G.H. grevinne fan Rechteren.

Yn kombinaasje mei akademyske of amtlike titels:

  • Akademyske titels wurde direkt foar de inisjalen setten, en dus nei it predikaat, it wurdt Jhr. mr. A. de Jonge.
  • Amtlike titels wurde foar de hiele namme en dus ek foar it predikaat setten, it wurdt Prof. Jhr. A. de Jonge.
  • Yn kombinaasje wurdt it Prof. Jhr. mr. A. de Jonge.

Der binne guons famyljes dy't it predikaat jonkhear brûke as titel, bygelyks de keninklike famylje dy't de titel Jonkhear fan Amsberg brûkt, sjoch hjirûnder.

Jonkhear fan Amsberg

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De keninklike famylje fan Nederlân brûkt it predikaat "Jonkhear" de lêste jierren as in titel. De soannen en pakesizzers fan prins Claus, dy't yn striid mei de jildende regels net "Jhr. Claus van Amsberg, Prins fan de Nederlannen" wie, mar dizze as in titel fierde, sette harren oantsjutting Jonkhear fan Amsberg nei harren keninklike of prinslike titels. Dêrmei is yn dit gefal de betsjutting fan de namme Jonkhear dus safolle feroare dat it, alteast foar de famylje Fan Oranje-Nassau, in titel wurden is.

Neffens beslút fan kening Willem I fan de Nederlannen yn 1817 meie jonkhearen of jonkfroulju yn Nederlân en Belgje de rangkroan fan in (erf)ridder boppe harren famyljewapen fiere, en binne dus as sadanich te herkennen. Dizze kroan bestiet út in ring fan effen goud (sûnder edelstiennen) mei dêrop fiif gouden punten mei op elke top in pearel. Boppedat is de ring omwikselje mei in snoer fan pearels.

  • Junker, (ôfkoarte: Jkr.) in Dútsk aadlik predikaat (gjin aadlike titel).