Springe nei ynhâld

Jevgeny Grisjin

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jevgeni Grisjin)
Jevgeny Grisjin
Reedrider
Jevgeny Grisjin (1964)
Jevgeny Grisjin (1964)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJevgeny Romanovitsj Grisjin
nasjonaliteit Russysk
bertedatum23 maart 1931
berteplakToela
stjerdatum9 july 2005
stjerplakMoskou
lingte1.74 m
gewicht78 kg
sportive ynformaasje
ûnderdielLangebaan
O.S.Cortina d'Ampezzo 1956,
Squaw Valley 1960,
Innsbruck 1964,
Grenoble 1968
wichtige prestaasjes
4x goud Olympyske Spullen 1956, 1960
1x sulver Olympyske Spullen 1964
2x brûns WK Allround 1954, 1956

Jevgeny Romanovitsj Grisjin (Toela, 23 maart 1931 - Moskou, 9 july 2005) wie in Russysk reedrider dy't útkaam foar de Sovjet-Uny.

Hy die acht kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, seis kear oan it Europeesk kampioenskip allround en fjouwer kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1956, 1960, 1964 en 1968). Grisjin waard sawol yn 1956 as 1960 olympysk kampioen op de 500 en de 1500 meter. Beide kearen moast er it earste plak op de 1500 meter diele; yn 1956 mei syn lângenoat Joeri Michajlov (2.08,6) en yn 1960 mei de Noar Roald Aas (2.10,4). Ek by de Winterspullen fan 1964 like it derop dat er olympysk kampioen wurde soe op de 500 meter, mar Grisjin waard ûnferwachts ferslein troch de ûnbekende Amerikaan Richard McDermott. Jevgeny Grisjin ferstoar op 9 july 2005, yn 'e âldens fan 74 jier.

Persoanlike rekôrs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 39,5 28 jannewaris 1963 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata
1000 meter 1.22,8 22 jannewaris 1955 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata
1500 meter 2.06,6 17 jannewaris 1968 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata
3 km 4.39,7 12 jannewaris 1963 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata
5 km 8.17,7 19 jannewaris 1955 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata
10 km 17.05,0 17 jannewaris 1965 flagge fan Itaalje Pista Olimpica, Madonna
jier EK
Allround
WK
Allround
Olympyske
Spullen
195411eBrûns
19559e16e
1956GoudBrûns500 m, Goud
1500 m, Goud
19575e15e
196017e500 m, Goud
1500 m, Goud
196117e18e
1962Net finisht17e
196318e
1964500 m, Sulver
1500 m, 11e
1968500 m, 4e
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL
    • Wikipedy:EN
    • Wikipedy:NO