Springe nei ynhâld

Jet Berdenis van Berlekom

Ut Wikipedy

Henriette (Jet) Berdenis van Berlekom Macey (Hoogeveen, 9 septimber 1920 – Erickson (Manitoba, Kanada), 23 april 2010) wie in Nederlânske fersetsfrou yn de Twadde Wrâldoarloch.

Yn de Twadde Wrâldoarloch wurke Berdenis van Berlekom yn it troch har freondinne Trui van Lier oprjochte Utertske bernetehûs Kindjeshaven. Tegearre mei Van Lier rêde se sa'n 150 Joadske bern. Se krige dêrfoar de Israelyske Yad Vashem ûnderskieding [1] .

Jet Berdenis van Berlekom troude nei de oarloch mei de Kanadeeske militêr John Ainslie Macey en emigrearre yn 1946 nei Kanada. Dêr ferstoar se yn de âldens fan 89 jier yn 2010.[2]

Yn Utert is de Jet Berdenis van Berlekomhof nei har ferneamd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: