Springe nei ynhâld

Jessica Mendels

Ut Wikipedy
Jessica Mendels
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJessica Mendels
nasjonaliteit Nederlânsk
berne25 maart 1981
berteplakDe Haach (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum aspresintatrise, aktrise
mediumtillefyzje
wurksum byRTL
bekend fanCampingLife, LETRZ
jierren aktyf2008 – no
offisjele webside
gjint

Jessica Mendels (De Haach, 25 maart 1981) is in Nederlânsk presintatrise en tillefyzje-aktrise.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mendels is benammen bekend wurden mei it kampearprogramma CampingLife, dat hja fan 2008 oant 2012 mei Sander Janson presintearre op 'e stjoerder RTL 4. Yn 2009 en 2010 wie se dêrnjonken teffens mei-presintator fan it programma Ik Kom bij Je Eten. Earder die Mendels presintaasjewurk op 'e teleshopstjoerder LiveShop.

Fierders hie se yn 2003 in rol yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden, as Cynthia de Vries, en yn 2008 spile se Tamara Groeneveld yn Pauwen en Reigers, in dramasearje fan 'e regionale stjoerder RTV West.

Op 28 maaie 2011 troude Mendels mei har freon Paul Blom, mei wa't se al sûnt 2005 in relaasje hie. Mei him hat hja neitiid in dochter krigen. Sûnt 2013 docht Mendels de presintaasje fan RTL Vakantie Magazine, en sûnt 2014 ek dy fan 'e kwis LETRZ.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.