Springe nei ynhâld

Jeropeeske wylde kat

Ut Wikipedy
Jeropeeske wylde kat
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljekateftigen (Felidae)
skaaiwylde katten (Felis)
soarte
Felis silvestris
Schreber, 1777
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Jeropeeske wylde kat of koartwei wylde kat (wittenskiplike namme: Felis silvestris), ek wol boskkat neamd,[1] is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e wylde katten (Felis). Dit bist komt foar yn Jeropa: fan Skotlân en it Ibearysk Skiereilân oant de eastlike Kaukasus (mar net yn Fryslân). De Jeropeeske wylde kat is oer it algemien mar in bytsje grutter en foarser as in hûskat (Felis catus) en is fierhinne kleure as in sipertske kat. Hy kin dêrom maklik foar in hûskat oansjoen wurde. Jeropeeske wylde katten binne foar it meastepart nachtdieren, hoewol't se ek wol oerdeis aktyf wêze kinne yn gebieten dêr't net folle minsklike aktiviteit is. Se hawwe in karnivoar dieet en meitsje benammen jacht op lytse sûchdieren, lykas kjifdieren en hazze-eftigen, hoewol't op 'e grûn libjende of foerazjearjende fûgels en wetterfûgels ek op it menu steane. De IUCN klassifisearret de Jeropeeske wylde kat as net bedrige.

Taksonomy en evolúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jeropeeske wylde kat waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1777 troch de Dútske soölooch Johann Christian Daniel von Schreber. De wittenskiplike namme dy't hy it bist joech, wie Felis silvestris, dat letterlik "boskkat" betsjut.

Neffens de útkomsten fan ûndersyk nei it nukleêr DNA fan alle soarten wylde katten soe de Jeropeeske wylde kat him tusken 1,6 miljoen en 590.000 jier lyn ôfspjalten hawwe fan 'e lêste mienskiplike foarâlder. Undersyk nei it mitogondriaal DNA fan deselde bisten pleatst dy ôfspjalting tusken 4,1 miljoen en 20.000 jier lyn. Neffens ûndersyk nei it nukleêr DNA soe de Jeropeeske wylde kat it naust besibbe wêze oan 'e hûskat (Felis catus), mar neffens ûndersyk nei it mitogondriaal DNA is de Jeropeeske wylde kat de sustersoarte fan in kloft dy't sawol Afrikaanske wylde kat (Felis lybica) as de hûskat omfettet.

De plasse fan in Jeropeeske wylde kat.

It ferspriedingsgebiet fan 'e Jeropeeske wylde kat beslacht grutte dielen fan it fêstelân fan Jeropa. Dêrûnder is hast de hiele Balkan, útsein de Peloponnesos en de eilannen yn 'e Egeyske, Ioanyske en Adriatyske See. Op Kreta komt wol in populaasje foar, mar it is noch in striidkwestje oft dy wol ta de Jeropeeske wylde kat rekkene wurde moat. Yn it noarden rint de grins fan 'e fersprieding fan 'e sintrale Oekraïne fia súdeastlik Poalen oant yn eastlik en súdlik Eastenryk en it noardeasten fan Itaalje.

Fierder westlik besteane trije net opinoar oanslutende ferspriedings, wêrfan't ien beheind is ta it Apenynsk Skiereilân en de twadde ta it Ibearysk Skiereilân, wylst de trêde it gebiet fan sintraal Frankryk oant sintraal Dútslân beslacht. Ta dat lêste gebiet hearre ek de Ardinnen fan Lúksemboarch en eastlik Belgje. Yn Nederlân wie de Jeropeeske wylde kat iuwenlang útstoarn, mar no komt dit bist wer foar yn it suden fan Súd-Limburch. (Yn 2003 skreaune mammalooch Rogier Lange et al. dêroer yn harren Zoogdieren van West-Europa: "De wylde kat is, sanet al yn Nederlân oanwêzich, dan de grins dochs ticht nei-oan kommen.") Dêrnjonken waarden yn 1999 en 2004 Jeropeeske wylde katten waarnommen by Nimwegen, resp. yn Noard-Brabân. It tinken is dat it dêrby om swalkers gie dy't ôfkomstich wiene út Dútslân, dêr't de rivier de Ryn in yn 'e praktyk net oer te kommen barriêre foarmet tusken de populaasjes oan 'e eastlike en westlike igge.

Isolearre populaasjes libje yn West-Jeropa fierders yn 'e noardlike helte fan it eilân Sisylje, yn 'e Middellânske See, en yn 'e Skotske Heechlannen. It ferspriedingsgebiet fan dy lêste populaasje is sterk fragmintearre. (Yn Ingelân, Wales en súdlik Skotlân is de Jeropeeske wylde kat al iuwen lyn útstoarn.) Behalven yn Jeropa komt de Jeropeeske wylde kat ek foar yn in hûnderten kilometers brede stripe lân by de westlike en noardlike kusten fan Lyts-Aazje lâns. Yn Kaukaazje libbet dit bist yn it bercheftige foarlân oan 'e noardkant fan 'e Grutte Kaukasus en yn westlik en noardlik Transkaukaazje, benoarden de Lytse Kaukasus.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jeropeeske wylde kat liket sterk op in sipertske hûskat (Felis catus). Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 44–67 sm, mei in sturtlingte fan 25–351/2 sm en in gewicht fan 21/2–61/2 kg. Der is yn dizze soarte wat seksuele dimorfy oanwêzich, yn 'e sin dat de boarren wat grutter binne as de poezen. De grutste Jeropeeske wylde katten libje op it Ibearysk Skiereilân, dêr't dizze bisten de grutte beholden hawwe dy't se yn 'e lêste iistiid ek yn Sintraal-Jeropa hiene. De Jeropeeske wylde kat is wat grutter as in hûskat, mar net yn sa'n mjitte dat it opfalt sûnder dat der in hûskat ta ferliking njonken sit. Hy makket de yndruk foarser boud te wêzen troch it dúdlik langere hier, dat in lingte fan teminsten 7 sm hat. De sturt is faak wat koarter en hat maksimaal in lingte fan 50% fan 'e totale lichemslingte.

In Jeropeeske wylde kat yn 'e snie.

De pels fan 'e Jeropeeske wylde kat fariëarret yn kleur fan brunich fia bêzje oant griis, op 'e rêch en de siden belein mei 7–11 fertikale dûnkergrize of dûnkerbrune streken. Op 'e sturt sitte nei de útein ta 3–5 swarte ringen. It hier op 'e sturt stiet wat út, sadat it wol wat wei hat fan in plomsturt. Op 'e kiel sit faak in wite bef. De snút, dy't frij breed is, en it kin binne witich, krekt as de snorhierren. De noas is brunich. De earen binne, krekt as by de hûskat, trijehoekich (ynstee fan rûn), mei in dúdlik earpunt. Se lykje lytser as by de hûskat troch de gruttere lingte fan it deromhinne groeiende hier. De poaten binne yn ferhâlding ta it lichem wat koarter as dy fan in hûskat. De lingte fan 'e efterpoat bedraacht 11–15 sm. Der sitte fjouwer teannen oan 'e efterpoaten en fiif oan 'e foarpoaten, allegearre tarist mei fjoerskerpe en ynlûkbere klauwen.

De Jeropeeske wylde kat libbet benammen yn drûch bosklân, sawol yn leafwâlden as nullewâlden, hoewol't leafwâlden en mingde wâlden de foarkar lykje te hawwen. Hy komt ek foar yn heuvels en leechberchtme, mar ornaris net boppe in hichte fan 500 m boppe seenivo. Fan oarsprong libbet de Jeropeeske wylde kat ek yn leechlân, mar om't er kultuerlânskippen en delsettings mijt, sjocht men him dêr tsjintwurdich mar in bytsje mear. Wol is er soms by 't simmer, ûnder ynfloed fan goed waar en in geunstige proaitichtens, noch te trappearjen op iepen heide, by de rânen fan greiden lâns en op kapflakten, hast altyd yn 'e neite fan oerflaktewetters lykas beken en puollen. Winterdeis bliuwt er frijwol altyd yn 'e bosk.

In Jeropeeske wylde kat yn it wyld.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jeropeeske wylde kat is in skou bist, dat him net maklik waarnimme lit en by it minste of geringste teken fan minsklike oanwêzigens gau útpykt. Oan agrarysk wurk went er stadichoan, wêrnei't er by it leven fan bgl. in neieroan kommende trekker noch wol in feilich hinnekommen siket, mar net mear yn panyk rekket. As skûlplakken wurde beamholten, rotsspjalten, gatten tusken beamwoartels en âlde (ferlitten) dasseboargen en kninehoalen brûkt. De Jeropeeske wylde kat is yn haadsaak in nachtdier, hoewol't er op plakken dêr't er net troch minsklike aktiviteiten fersteurd wurdt ek wol in diel fan 'e dei op 'e lapen is om te jeien of te sinnebaaien. Dat is fral hjerstmis en by 't winter sa. Yn dy jiertiden komme Jeropeeske wylde katten by rein en mist sa min mooglik foar 't ljocht, en mije se yn heuvels en leechberchtme boppedat de kâldere noardlike en eastlike skeanten. Swimmen docht dit bist inkeld ûnfrijwillich.

Jeropeeske wylde katten libje solitêr en sykje inkeld yn 'e peartiid it selskip fan soartgenoaten op. Se binne territoriaal, yn 't bysûnder de wyfkes, en krúspunten fan paden dy't troch dizze bisten in in protte brûkt wurde en oare folle besochte plakken wurde mei klauspoaren yn it hout fan beammen en strûken markearre. De grutte fan it territoarium bedraacht 50–300 ha (0,05–0,3 km²), ôfhinklik fan 'e terreinsgesteldheid en it foarkommen fan proaidieren. It territoarium is grutter as it jachtgebiet, dat inkeld de kearn fan it territoarium beslacht. Dêrbûten oerlapet it territoarium de oanbuorjende territoaria fan soartgenoaten fan it oare geslacht.

De peartiid falt foar de Jeropeeske wylde kat fan mids febrewaris oant ein maart. Nei de pearing hat de boarre fierders neat mear mei it hiele fuortplantingsproses út te stean. De draachtiid duorret 61–70 dagen. It wyfke leit yn dy tiid in itensfoarried oan troch deade proaien te ferbergjen, sadat se de jongen nei de befalling de earste tiid net lang allinnich hoecht te litten. De berte fynt plak yn in skûlplak dat gauris in rotsspjalt is of in iepen plakje middenmank opgeand strewelleguod, hoewol't ek waarnommen is hoe't in plak ûnder leechhingjende spjirretûken dêrfoar brûkt waard. It skûlplak wurdt mei drûch gers of skrobberheide beklaaid.

In close-up fan in Jeropeeske wylde kat.

It wyfke kin 2–6 jongen smite, hoewol't 3–4 jongen in gongberder oantal is. Dy wurde blyn en helpleas berne, en binne de earste pear wiken folslein ôfhinklik fan fersoarging troch de mem. Mei 4–5 wiken ferhuzet de poes har jongen ien foar ien nei in oar plak ta, faak in ferlitten dasseboarch of foksehoale mei in goed jachtgebiet deunby. Mei likernôch 10 wiken binne de jongen ôfwûn en geane se foar it earst mei op jacht, en mei likernôch 5 moannen binne se selsstannich. Yn 'e simmer is der soms noch in twadde peartiid, wêrfan't de jongen oan it begjin fan 'e hjerst te wrâld komme. Nei harren earste winter binne de jongen geslachtsryp en nimme se yn febrewaris oant maart fan it folgjende jier diel oan 'e fuortplanting, mar folwoeksenens berikke se pas mei 2 jier. De maksimale libbensferwachting fan 'e Jeropeeske wylde kat bedraacht 12–14 jier.

De Jeropeeske wylde kat is in karnivoar, dy't benammen lytsere sûchdieren bejaget. It giet dan fral om kjifdieren, lykas de brune rôt (Rattus norvegicus), de swarte rôt (Rattus rattus), de hûsmûs (Mus musculus), de boskmûs (Apodemus sylvaticus), de grutte boskmûs (Apodemus flavicollis), de lytse boskmûs (Apodemus uralensis), de brânmûs (Apodemus agrarius), de nôtmûs (Micromys minutus), de hazzemûs (Muscardinus avellanarius), de ikelmûs (Eliomys quercinus), de sânslieper (Glis glis), de beamslieper (Dryomys nitedula), de hamster (Cricetus cricetus), de fjildmûs (Microtus arvalis), de eastlike fjildmûs (Microtus mystacinus), de ierdmûs (Microtus agrestis), de koartearwrotmûs (Microtus subterraneus), de Pyreneeske wrotmûs (Microtus gerbei), de Provansaalske wrotmûs (Microtus duodecimcostatus), de Baskyske wrotmûs (Microtus lusitanicus), de Tatrawrotmûs (Microtus tatricus), de sniemûs (Chionomys nivalis), de reade wrotmûs (Clethrionomys glareolus), de wetterrôt (Arvicola amphibius) en de súdlike wetterrôt (Arvicola sapidus). Op guon plakken steane ek beamiikhoarntsjes, lykas it (gewoane) iikhoarntsje (Sciurus vulgaris), en grûniikhoarntsjes, lykas de sisel (Spermophilus citellus) en it eksoatyske Sibearysk grûniikhoarntsje (Eutamias sibiricus), op it menu. Yn 'e moerassen oan 'e igge fan 'e Prut (de rivier dy't de grins foarmet tusken Roemeenje en Moldaavje) frette Jeropeeske wylde katten ek de muskusrôt (Ondatra zibethicus).

Behalven kjifdieren komme ek hazze-eftigen en pipermûzen (dy't net besibbe binne oan mûzen en rotten, mar oan mollen en stikelbargen) in protte foar as proai fan 'e Jeropeeske wylde kat. De pipermûzen smeitsje blykber net lekker, want se wurde wol fongen en deade, mar net opiten. By hazze-eftigen giet it om 'e wylde knyn (Oryctolagus cuniculus), de hazze (Lepus europaeus), de Ibearyske hazze (Lepus granatensis), de Korsikaanske hazze (Lepus corsicanus) en yn 'e Alpen en de Skotske Heechlannen ek om 'e sniehazze (Lepus timidus). By pipermûzen giet it om 'e hûspipermûs (Crocidura russula), de lânpipermûs (Crocidura leucodon), de túnpipermûs (Crocidura suaveolens), de Sisyljaanske pipermûs (Crocidura sicula), de lytse pipermûs (Sorex minutus), de Alpenpipermûs (Sorex alpinus), de boskpipermûs (Sorex araneus), de twakleurige boskpipermûs (Sorex coronatus), de Ibearyske boskpipermûs (Sorex granarius), de wetterpipermûs (Neomys fodiens), de Mediterrane wetterpipermûs (Neomys milleri) en de Ibearyske wetterpipermûs (Neomys anomalus).

Fierders pakke Jeropeeske wylde katten ek wolris oare lytse karnivoaren, lykas de murd (Mustela putorius), de beamotter (Martes martes), de stienmurd (Martes foina), de harmeling (Mustela erminea) en de wezeling (Mustela nivalis). Ynsidinteel wurde soms ek kealtsjes fan 'e ree (Capreolus capreolus), de gims (Rupicapra rupicapra) of sels fan it reahart (Cervus elaphus) fongen en ferslynd, hoewol't de Jeropeeske wylde kat mei sokke grutte proaien wol tsjin 'e boppegrins fan syn kinnen oan sit. Ek op 'e grûn libjende of foerazjearjende fûgels en wetterfûgels fret er wol, lykas lytse sjongfûgels, de fazant (Phasianus colchicus), de patriis (Perdix perdix), de merkel (Fulica atra), de reidhin (Gallinula chloropus), de bûnte reidhin (Porzana porzana), de brune dûkein (Aythya nyroca) en de eastein (Mareca strepera). Simmerdeis fange en frette Jeropeeske wylde katten ek wol fisken en rivierkreeften. De fisken, lykas forel (Salmo trutta), slane se op plakken dêr't de fisken obstakels nimme moatte mei ien poat út it wetter. Se frette ek ies, mar allinnich as it farsk is; âlder ies litte se lizze.

In Jeropeeske wylde kat yn Skotlân.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jeropeeske wylde kat hat mar amper natuerlike fijannen. Jonge bisten wurde soms ferslynd troch grutte rôffûgels, lykas de keningsearn (Aquila chrysaetos), of grutte ûlen, lykas de oehoe (Bubo bubo).

De Jeropeeske wylde kat hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dat nimt net wei dat de stân fan dit bist sûnt de Midsiuwen oeral sterk tebekrûn is troch bejaging troch de minske. Yn guon gebieten, lykas Nederlân, Flaanderen, Ingelân, Wales en it suden fan Skotlân, binne Jeropeeske wylde katten sels útrûge om't se as skealik ûngedierte beskôge waarden dat it op plomfee foarsjoen hie. Om fierdere tebekrin foar te kommen, hat dit bist no yn 'e measte lannen in beskerme status, en teffens is it opnommen yn Taheakke II fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) 'e beskreaune bisten. Yn 'e Ingelske greefskippen Cornwall en Devon begûn yn 2024 in reyntroduksjeprojekt fan wylde katten út Skotlân wei, wêrby't de Jeropeeske wylde kat foar it earst yn fiifhûndert jier wer yn it wyld yn Ingelân foarkaam.

Foarhinne waarden fan 'e Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris) de folgjende ûndersoarten erkend:

In Jeropeeske wylde kat yn in beam yn 'e Oekraïne.

Sûnt 2017 wurde troch de gesachhawwende Taakgroep oangeande Kateftigen fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) noch mar twa ûndersoarten as jildich beskôge:

  • de gewoane wylde kat (F. s. silvestris Schreber, 1777) (kontinintaal Jeropa, it Ibearysk Skiereilân, Sisylje en Skotlân)
  • de Kaukazyske wylde kat (F. s. caucasica Satûnin, 1905) (de Kaukasus en Lyts-Aazje)

De status fan 'e Kretinzyske wylde kat is ûndúdlik en bliuwt in striidkwestje. It soe in isolearre populaasje fan 'e gewoane wylde kat wêze kinne, mar ek in troch de minske yntrodusearre populaasje of in hybride fan 'e Jeropeeske wylde kat mei de hûskat.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy), s. 26.

  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770, s. 194–197.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.