Springe nei ynhâld

Jeropeeske jagûar

Ut Wikipedy
Jeropeeske jagûar

Artistike rekonstruksje.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje kateftigen (Felidae)
skaai panters (Panthera)
soarte
Panthera gombaszoegensis
Kretzoi, 1938
útstoarn (fossyl
ferspriedingsgebiet
De Pleistosene fersprieding fan 'e Jeropeeske jagûar (ynsafier bekend).

De Jeropeeske jagûar (wittenskiplike namme: Panthera gombaszoegensis) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e grutte katten (Pantherinae) en it skaai fan 'e panters (Panthera). Dit bist kaam yn it Pleistoseen foar yn Jeropa en dielen fan 'e Magreb en Sintraal-Aazje en libbe fan 2 miljoen oant 330.000 jier lyn. De namme wiist op in (net algemien akseptearre) nauwe besibskip oan 'e jagûar (Panthera onca). De Jeropeeske jagûar wie in grutte soarte dy't as karnivoar yn syn ferspriedingsgebiet mear as in miljoen jier lang in wichtige rol yn it fiedselkeatling spile.

De Hongaarske paleöntolooch Miklós Kretzoi trof yn 1938 yn ôfsettings út it Tertiêr yn 'e Gombasekgrot yn Slowakije ferskate fossile tosken fan in grutte kateftige oan. Hy betocht foar dy nije soarte de wittenskiplike namme Leo gombaszoegensis, nei de Hongaarske stavering fan 'e namme fan 'e grot, Gombaszög. De betsjutting wie letterlik "Gombasek-liuw". Yn 1971 waard dit bist formeel oerpleatst nei it skaai fan 'e panters (Panthera), dêr't de moderne liuw (Panthera leo) ek ta heart. De namme waard doe Panthera gombaszoegensis. Op basis fan syn ûnderstelde nauwe besibskip mei de (Amerikaanske) jagûar (Panthera onca) krige dit bist al rillegau de gebrûksnamme 'Jeropeeske jagûar' taparte.

Synonimen fan Panthera gombaszoegensis binne:

Guon fossilen dy't foarhinne oan 'e Jeropeeske jagûar taskreaun waarden, is yn 2018 fan fêststeld dat se eins fan it reuzejachtloaihoars (Acinonyx pardinensis) binne.

De plasse fan in Jeropeeske jagûar út 'e kolleksje fan it Natoerhistoarysk Museum fan Florâns.

De foarâlden fan 'e Jeropeeske jagûar stammen nei alle gedachten út Afrika, mei't in besibbe kateftige 1,9 miljoen jier lyn yn Súd-Afrika libbe. In oare besibbe kateftige libbe om dyselde tiid hinne yn East-Afrika en hie uterlike skaaimerken dy't sawol op dy fan in liuw (Panthera leo) as dy fan in tiger (Panthera tigris) lykje. It tinken is dat de Jeropeeske jagûar him omtrint 2 miljoen jier lyn ûntwikkele en likernôch 1,9 miljoen jier lyn Jeropa berikte.

It is mooglik dat de Jeropeeske jagûar yn hast hiel Jeropa foarkaam, útsein it Skandinavysk Skiereilân en ûnderskate eilannen, mar dat is noch net fêststeld. Ynsafier't anno 2025 bekend is, kaam dit bist foar yn Wales, súdlik Ingelân, Nederlân besuden de Grutte Rivieren, Belgje, Lúksemboarch, noardlik, sintraal en súdlik Frankryk, de Pyreneeën, noardlik Spanje, noardwestlik Itaalje, súdwestlik Switserlân, sintraal en noardlik Dútslân, it easten fan Sloveenje en Eastenryk, súdlik en sintraal Poalen, hiel Tsjechje, Slowakije, Hongarije, Kroaasje en Bosnje-Hertsegovina, noardlik en súdeastlik Servje, eastlik Kosovo, hiel Noard-Masedoanje, noardlik Grikelân, súdwestlik Bulgarije, westlik Roemeenje, sintraal en noardlik Moldaavje en dielen fan 'e westlike Oekraïne.

Isolearre populaasjes (of sa liket it oant no ta) kamen foar yn 'e westlike Kaukasus (it súdwesten fan 'e Russyske Koeban, Abgaazje, westlik Georgje en it uterste noardeasten fan Turkije), Sintraal-Aazje (súdlik Tadzjikistan, eastlik Afganistan en noardwestlik Pakistan) en de Magreb fan Noard-Afrika (súdlik Marokko, it noarden fan 'e Westlike Sahara en de uterste westpunt fan Algerije). Fossilen dy't mooglik oan 'e Jeropeeske jagûar taskreaun wurde kinne, binne ek fûn yn 'e Levant, op it Arabysk Skiereilân, yn East-Afrika en yn Súdeast-Aazje.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jeropeeske jagûar wie grutter as de hjoeddeistige jagûar (Panthera onca), mei in gewicht fan nei skatting 70–210 kg. (Ta ferliking: de jagûar weaget 56–96 kg.) It tinken is dat de Jeropeeske jagûar oansjenlike seksuele dimorfy fertoande, mei't mantsjes in hiel stik grutter wiene as wyfkes. Party saakkundigen hâlde út dat de lichemsgrutte fan dit bist meitiid oanwûn, mar oaren bestride dat en sizze gjin bewiis fine te kinnen fan in dúdlik patroan fan tanimmende grutte troch evolúsje.

De ûnderkaak fan in Jeropeeske jagûar út 'e kolleksje fan it Natoerhistoarysk Museum Rotterdam.

Fan 'e Jeropeeske jagûar waard altyd oannommen dat er foar it meastepart yn wâlden libbe hie, mar in ûndersyk út 2002 liek derop te wizen dat de bân tusken dit bist en it wâldbiotoop net sa sterk wie as earder tocht waard. De Jeropeeske jagûar wie in toprôfdier dat it fermogen hie om grutte proaien te oermasterjen. It wie oan it begjin fan it Pleistoseen de earste pantersoarte yn Jeropa, hoewol't dêr doe al wol oare grutte kateftigen libben, lykas it reuzejachtloaihoars (Acinonyx pardinensis), de loaihoarspoema (Puma pardoides) en twa soarten sabeltosktigers: de Jeraziatyske kromswurdtosktiger (Homotherium latidens) en Whites sabeltosktiger (Megantereon withei). It hoaleloaihoars (Panthera pardus spelaea) arrivearre letter yn it Ier Pleistoseen of it Mid-Pleistoseen, wylst de grutte âldere hoaleliuw (Panthera fossilis) him yn it Mid-Pleistoseen yn Jeropa fêstige.

Relaasje mei de jagûar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In protte paleöntologen binne útgien fan 'e teory dat de Jeropeeske jagûar de direkte foarâlder fan 'e moderne (Amerikaanske) jagûar (Panthera onca) is. Guon geane dêrby safier dat se de jagûar sels as in ûndersoarte fan 'e Jeropeeske jagûar beskôgje. Yn 'e ienentweintichste iuw is dy ûnderstelde bân hieltyd mear ûnder druk kommen te stean. In ûndersyk fan Chatar et al. út 2022, dat basearre wie op ûndersyk nei in relatyf komplete plasse fan 'e Jeropeeske jagûar dy't yn Belgje fûn wie, suggerearre dat de Jeropeeske jagûar eins nauwer besibbe wie oan 'e tiger (Panthera tigris) as oan 'e Amerikaanske jagûar.

It útstjerren fan 'e Jeropeeske jagûar fûn plak tusken 330.000 en 300.000 jier lyn. It is dreech om safier yn it ferline spesifike oarsaken oan te wizen. It tinken is lykwols dat konkurrinsje mei de better oanpaste âldere hoaleliuw (Panthera fossilis), fanôf omtrint 660.000 jier lyn, in wichtige rol spile hawwe moat. De oankomst fan dat bist wurdt sjoen as it begjin fan in hiel stadich proses fan ferkringing, mei it útstjerren fan 'e Jeropeeske jagûar as einpunt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.