Jehannestsjerke (Freiburg)
Jehannestsjerke Johanniskirche | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
plak | Freiburg im Breisgau | |
koördinaten | 47°59' N 7°50' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
aartsbisdom | Freiburg | |
patroanhillige | Jehannes de Doper | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Joseph Durm | |
boujier | 1889-1899 | |
boustyl | neoromaanske arsjitektuer | |
Webside | ||
kath-wiehre-guenterstal.de | ||
Kaart | ||
De Jehannestsjerke (Dútsk: Johanneskirche) is in roomske tsjerke yn 'e Dútske stêd Freiburg im Breisgau. De tsjerke stiet yn it súdeastlike stedsdiel Wiehre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1826 waard it earder selstannige Wiehre by Freiburg foege. Ynearsten waard der net in hiel soad boud, mar dat feroare healwei de 19e iuw doe't der grutskalich byboud waard. Yn in pear desinnia naam it oantal ynwenners foars ta en waard de foar likernôch 200 minsken geskikte barokke Sint-Syriakus-en-Perpetuatsjerke fierstente lyts.

Yn 1889 waard it beslút nomme in nije, gruttere tsjerke te bouwen. De opdrachtjouwer wie it ûnder it Ministearje fan Finansjele Saken fan it Gruthartochdom Baden fallende Domeinebestjoer en de opdracht foar dat doel waard oan 'e arsjitekt Joseph Durm jûn. It earste ûntwerp waard lykwols ôfkard om't it te djoer wie. Om it nedige tal sitplakken yn in lytsere tsjerke mooglik te meitsjen waard frege om galerijen yn te bringen, mar sawol it tsjerkebestjoer as de arsjitekt woene dêr net oan. Galerijen wiene geskikt foar protestantske tsjerken, mar net foar roomske tsjerken. Lang om let krigen it tsjerkebestjoer en de arsjitekt net harren sin en Durm moast dêrfandinne in nij ûntwerp yn romaansk-iergoatyske styl leverje. Dat nije ûntwerp rôp wjerstân op by de stedsried en sadwaande moast Durm foar de tredde kear in nij ûntwerp meitsje, no sa dat de romaanske styl mear de klam krige. De arsjitekt joech de tuorren massivere foarmen en hy ferhege se letter mei in ferdjipping. Sa kaam er de boargemaster yn 'e mjitte, dy't de groeiende stêd Freiburg mei mear tuorren ûnderskiede woe.
Mei de bou waard yn 1894 op in stik bougrûn by de Dreisam útein set. De wijing fan 'e foltôge tsjerke wie yn 1899.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is fan reade sânstien boud en hat de typyske skaaimerken fan 'e neoromaanske arsjitektuer mei eleminten fan 'e letromaanske tsjerkebou. Oars as tradisjoneel hat de tsjerke gjin eastlike oriïntaasje. It koer wiist nei it westen. De gevel mei in heale achthoekige foarbou wurdt flankearre troch twa likernôch 60 m hege tuorren mei tige steile spitsen. De Talstraße biedt in lange sichtas op it tsjerkegebou.
De tsjerke krige in breed middenskip fan alve meter en twa sydskippen fan elts 3,5 m mei galerijen. De lingte fan 'e tsjerke is 74,3 m. De krusing fan it middenskip en it dwersskip hat in diameter fan 16,8 m. Yn 'e tsjerke is plak foar 900 minsken.
Foar syn ûntwerp brûkte de arsjitekt de Bamberger dom as foarbyld. Alhoewol't de tsjerke mei de twa tuorren en de gevelfoarbou in soad fan 'e Bamberger dom hat, is it grûnplan en it ynterieur dêrfoaroer hiel oars. De ramen fan 'e tsjerke waarden tusken 1898 en 1901 makke troch de glesker Fritz Geiges.

Om 'e tsjerke hinne ûnstie bebouwing yn 'e styl fan it histoarisme: op 'e westlike kant de pastorije en dêrnjonken en oan 'e noardlike kant skoallen. Tagelyk mei de foltôging fan 'e Jehannestsjerke waard tichteby ek de protestantske Kristustsjerke foltôge.
Patroanhillige
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e feestdei fan Jehannes de Doper stelde Freiburg de bougrûn ta beskikking en dêrfandinne waard Jehannes de Doper as patroanhillige keazen.
De eardere Needhelperskapel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Jehannestsjerke wurdt in âld skilderij fan in foarstelling fan 'e Fjirtjin Needhelpers bewarre. It datearret krekt as de twa barokke bylden en in midsiuwske Madonna fan 'e net mear besteande Needhelperskapel. Dy Needhelperskapel stie eartiids yn 'e omkriten fan 'e Jehannestsjerke.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel op 'e eastlike kreake waard yn 1981 troch oargelbouwer Metzler út Dietikon, Switserlân, boud. It hat 50 registers (3536 pipen) ferdield oer trije manualen en pedaal. Njonken de haadspyltafel besit it ynstrumint ek in continuo-spyltafel yn 'e ûnderkas fan it rêchposityf. Dy spyltafel stiet los fan 'e haadspyltafel. It ynstrumint hat mechanyske spyl- en registertraktueren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en skiednis: [St. Johann (Freiburg im Breisgau) Münster] (ferzje 20 febrewaris 2025.)
|