Jehannestsjerke (Burchwert)

Ut Wikipedy
Jehannestsjerke
bouwurk
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Burchwert
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 14e iuw, 16e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39327 [1]
offisjele webside
Side PKN Burchwert-Hartwert-Hichtum

De Jehannestsjerke fan Burchwert is in goatysk tsjerkegebou fan de protestantske gemeente Burchwert-Hartwert-Hichtum.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

Alhoewol't der om 1100 hinne skreaun waard oer it wijen fan in alter yn Burchwert, bliuwt it dizich hoe fier de skiednis fan de tsjerke werom giet. Der wurdt fanút gien dat de romanogotyske tsjerke yn de 13e iuw boud waard. Nei't de oan de apostel Jehannes wijde tsjerke troch de Swarte Heap plondere waard, is de tsjerke yn goatyske styl fernijd. Feike Wobbes hat ûnder lieding fan de Ljouwerter boumaster Claes Bockes Balck de tsjerke yn de jierren 1724-1726 op 'e nij ommitsele mei âlde stien. Tagelyk binne doe ek de súdlike finsters fan it skip grutter makke. De finsters yn de noardlike en súdlike kant fan it fiifsidige koer binne âlder, wylst in rûn finster yn de eastlike muorre tichtset is.

Yn de 19e iuw krige de tsjerke oan de súdlike kant de hjoeddeiske steunbearen. De tsjerke waard yn de jierren 1990 restaurearre en yn it ramt dêrfan is in romaansk finster wer foar it ljocht helle. Oan de noardlike kant is boppe de tagong in goatysk finster restaurearre. Om't de tsjerke súdlik fan it doarp leit is der allinne in noardlike tagong. Ek de toer hat allinne in wizerplaat oan de noardlike kant.[2]

Toer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in 18e-iuwske print hie de toer eartiids op 'e siden topgevels mei in opgeand bôgefries en in achthoekige spits. Yn 1816 waard de toer fan de tsjerke op 'e nij ommitsele en bekroand mei de hjoeddeiske achtsidige spits.[3] De liedklok waard yn 1512 troch J. van Bremen getten. In gruttere klok út 1656 waard yn de Twadde Wrâldkriich omraand.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel foar de restauraasje

De tsjerke krige yn de jierren 1724-1726 in nije ynrjochting fan ikehout en dy is noch jimmeroan itselde. By de restauraasje oan it begjin fan de jierren 1970 krige it koer syn liturgyske funksje werom en binne de stuollen dêr ferwidere. De mei it Leauwe, de Hope en de Leafde fersierde kûp fan de preekstoel en it doophek wurde taskreaun oan de Ljouwerter Jaan Oenema. Foar de preekstoel oer stiet in hearebank. Yn it koer hinget in boerd mei de Wet en in boerd út 1726, dy't de fernijing fan de tsjerke betinkt.

Fan de houten steunkonstruksje yn de tsjerke binne dielen yn it koer âlder dan it skip. Dat soe betsjutte dat net de hiele tsjerke yn 1515 troch Swarte Heap fernield waard.

Ut de roomske tiid datearret in grêfsark oer de grêfkelder yn it koer fan de Ockinga's (1550). Yn de súdeastlike muorre fan it koer is de piskina bewarre bleaun. Fierder leit yn de flier in grêfsark fan it boereskaai Grons, dat de state tusken Burchwert en Hichtum bewenne.[4]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rillegau nei de grutte werynrjochting fan de tsjerke yn de 18e iuw krige Burchwert in nije oargel. Foar dy tiid moast de gemeente him berêde mei in posityf. De bou fan it nije oargel waard mooglik makke troch de erfenis fan Klaas Grons, dy't by syn ferstjerren yn 1734 ornearre dat út syn besit in nij oargel foar de tsjerke boud wurke moast. Syn mem Ytsje Buwalda joech opdracht oan Johann Michael Schwartzburg, in feint fan Christian Müller, de bouwer fan it oargel fan de Grutte Tsjerke yn Ljouwert, it oargel te bouwen. Fan de fiif oargels dy't Schwartzburg yn Fryslân boude, binne fjouwer bewarre bleaun. Njonken Burchwert besitte de tsjerken fan Wolvegea, Ljouwert (Waalske Tsjerke) en Moarre in ynstrumint fan Schwartzburg.

Mei de lêste restauraasje fan it oargel waard yn septimber 2009 troch de firma Flentrop útein set. Eardere feroarings en tafoegings oan it ynstrumint út 1948 waarden ferwidere en it oargel waard werom brocht nei de steat fan 1736. It noch oanwêzige materjaal fan Schwartzburg waard restaurearre en twa net mear besteande registers binne rekonstruearre. De oare registers binne noch orizjineel.

Ek de ryklik mei fykwurk dekorearre oargelkas is by dy gelegenheid werombrocht yn de oarspronklike barokke kleuren. It wapenboerd, werfan't de wapens op de skylden yn de Frânske tiid ferwidere wiene, krige de orizjinele wapens werom.

Theo Jellema naam it restaurearre oargel op 11 maaie 2012 wer offisjeel yn gebrûk.[5]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ryksmonuminten
  2. Peter Karstkarel: Alle middeleeuwse Kerken van Harlingen tot Wilhelmshaven, ISBN 978 90 330 055 9, útjefte 2007
  3. Stifting ta Behâld fan Monuminten Súdwest-Fryslân
  4. Beskriuwing op de side fan de tsjerklike gemeente
  5. Burgwerd-Hichtum.nl: skiednis oargel