Springe nei ynhâld

Jehannes fan Nepomuk

Ut Wikipedy
Jehannes fan Nepomuk
   hillige
Byld fan Jehannes fan Nepomuk by de bychtstoel yn 'e Ljouwerter Bonifatiustsjerke.
Byld fan Jehannes fan Nepomuk by de bychtstoel yn 'e Ljouwerter Bonifatiustsjerke.
persoanlike bysûnderheden
bertedatumom 1345 hinne
berteplakNepomuk
stjerdatum20 maart 1393 (47–48 jier âld)
stjerplakPraach
hillichferklearring
sillich ferkl.31 maaie 1721, Rome troch Paus Innocentius XIII
hillich ferkl.19 maart 1729, Rome troch Paus Benediktus XIII
hjeldei20 maart, 16 maaie
attributenhalo mei fiif stjerren, krús, brêge, ingel dy't stilte oanjout mei in finger oer de lippen
patroan fanBohemen, Praach; seelju, mûnders, bychtheiten, tsjin gefaren troch wetter

Jehannes fan Nepomuk (Tsjechysk: Jan Nepomucký, ± 1345-1393) is in hillige yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Hy is de patroanhillige fan it bychtgeheim.

Jehannes fan Nepomuk waard om 1345 yn it Boheemske Nepomuk berne, it hjoeddeiske Tsjechje. Hy studearre rjochten yn Praach en letter fral tsjerklik rjocht yn Padûa (1383-1387). Nei syn stúdzje gie er werom nei Praach, dêr't er tsjerklik wurk die as kanunnik en fikaris-generaal fan 'e aartsbiskop.

Yn 1393 krige hy spul mei kening Wenseslaus IV fan Bohemen. Neffens guon ferzjes wegere Jehannes de kening om de bychtgeheimen fan 'e keninginne te ferklappen. De oergeunstige kening fertocht syn frou fan troubrek en as immen it witte koe, dan moast it har bychtheit wêze. Mar Jehannes wegere syn ûnthjitten te brekken en te fertellen wat de keninginne yn 'e bycht sein hie. Om him te twingen liet de lulke kening Jehannes martelje, mar dy joech gjin ferlies. De measte histoarisy geane der lykwols fan út dat Jehannes fermoarde waard fanwegen in machtskonflikt tusken de Tsjerke en de kening. De aartsbiskop fan Praach (Jan fan Jenštejn) beskuldige de kening fan simony of bemuoiïng mei tsjerklike saken en dêrom liet de kening geastliken oppakke en folterje. De aartsbiskop wist noch út te piken nei Rome.

Jehannes wurdt fan 'e brêge smiten (alterskilderij yn 'e roomske tsjerke fan Gherla, Roemeenje).

Op 20 maart 1393 fan 'e Karelsbrêge yn Praach yn 'e rivier de Moldau smiten. Dat barde op it plak dêr't hjoed-de-dei syn byld stiet. Op dat stuit wie Jehannes al sa slim tamtearre dat er wis stjerre soe. Mei syn lichemsdielen oaninoar fêstbûn waard er yn in sek yn 'e Moldau goait. It lichem waard letter werom fûn en oerbrocht nei de Sint-Fituskatedraal yn Praach. By it finen soenen neffens de leginde fiif fonkeljende stjerren sjoen wêze, dy't ferwize nei it wurd TACUI (wês stil).

Hillichferklearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jehannes fan Nepomuk waard op 31 maaie 1721 troch paus Innosintius XIII sillich ferklearre. Paus Benediktus XIII waard op 19 maart 1729 hillich ferklearre.

Brêgebyld fan Jehannes op 'e Karelsbrêge.

Hy is hjoed-de-dei fral bekend as brêgehillige en beskermhillige tsjin ferdrinking, oerstreaming en wetteroerlêst. Dêrnjonken is er ek martler fan it bychtgeheim. Fral yn lettere ferhalen wurdt de wegering om de geheimen fan 'e bycht te ferklappen as de reden fan syn moard oanhelle. Fierder is er û.o. patroan fan bychtheiten, it swijen, Bohemen en preesters.

Yn 'e keunst wurdt Jehannes fan Nepomuk faak ôfbylde yn 'e klean fan in kanyunnik mei in aureoal fan fiif stjerren. Dy fiif stjerren ferwize nei in oerlevering dat minsken by syn dea fiif stjerren boppe de rivier seagen doe't se syn lichem fûnen. Hy draacht ek in krús en somtiden is der ek in ingel dy't in finger op 'e lippen leit (as symboal fan stiltme en it bychtgeheim).

Yn 'e 18e iuw groeide syn ferearing, fral ûnder de Habsburgers. Syn hillichferklearring waard ek brûkt as symboal fan 'e kontrareformaasje. De ferearing fan Jehannes fan Nepomuk waard ynset as teken fan katolike trou en as tsjinwicht foar protestantske ynfloeden.

Fral op âlde brêgen yn Midden- en East-Europa steane in soad stânbylden fan Jehannes fan Nepomuk. Yn Nederlân binne der mar twa brêgen mei in byld fan Jehannes: de Servaasbrêge yn Maastricht en de brêge yn 'e Brutstraat yn Swalmen. Der binne in soad tsjerken nei him ferneamd en sa is der ek yn syn bertedoarp in oan Jehannes wijde barokke tsjerke. Fral yn barokke tsjerken binne bylden, alters en skilderijen fan Jehannes te finen.

By Žďár nad Sázavou stiet de beafeartstsjreke fan Jehannes fan Nepomuk, dy't boud is neffens it ûntwerp fan 'e ferneamde barokke arsjitekt Johann Santini Aichel.

De skryn yn 'e katedraal fan Praach.

De reliken fan Jehannes wurde yn in sulveren skryn yn 'e Fituskatedraal fan Praach bewarre. Yn 'e beafeartstsjerke fan Zelená Hora leit in diel fan 'e plasse mei de lingula, it diel dêr't de tonge oan fêst sit. Yn Zagreb wurdt yn 'e Sint-Jehannes fan Nepomuktsjerke de tonge bewarre, mar ek de Fituskatedraal fan Praach seit de tonge te besitten.

De feestdei fan 'e hillige is op 16 maaie fêststeld. Ek wurdt Sint-Jehannes op syn stjerdei (20 maart) betocht.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: