Jehannes de Dopertsjerke (Jaroslavl)

Ut Wikipedy
Jehannes de Dopertsjerke

Ивановская церковь

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Jaroslavl
koördinaten 57° 36' N 39° 51' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1671-1687
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7610015004
offisjele webside
tserkov-ioanna-predtechi-v-tolchkove

De Tsjerke fan Sint-Jehannes de Doper yn Tolchkovo (Russysk: Церковь Иоанна Предтечи в Толчкове) is in otterdokske tsjerke yn Jaroslavl, Ruslân.

De Jehannes de Dopertsjerke is ien fan de meast bekende monuminten dy't de saneamde Jaroslavl-arsjitektuer fertsjintwurdiget. De tsjerke waard tusken 1671 en 1687 boud yn Tolchkovo, in delsetting op de rjochterkant fan de Kotorosl. In 45 meter hege klokketoer waard letter, yn 1690, tafoege.

It beskilderjen fan it ynterieur mei in bibelske ensyklopedy en foarstellings fan hilligen en Russyske leginden fûn yn de jierren 1694-1695 plak ûnder lieding fan de keunstners Dimitri Plechanov en Fjodr Ignatjev.

De tsjerke waard ûnder it Sovjet-rezjym sletten foar de earetsjinst yn 1931. Hjoeddedei is it in museum en simmerdeis is it iepen foar toeristen. [1]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Иоанна Предтечи в Толчкове