Jehannes de Dopertsjerke (Abovjan)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jehannes de Dopertsjerke

Սուրբ Հովհաննես Մկրտիչ Եկեղեցի

Abovyan Surb Hovhannes church-2.JPG
lokaasje
lân Flag of Armenia.svg Armeenje
provinsje Kotajk
plak Abovjan
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 2006-2013
arsjitekt Artak Ghûljan
oare ynformaasje
hichte 50 meter

De Sint-Jehannes de Dopertsjerke (Armeensk: Սուրբ Հովհաննես Մկրտիչ Եկեղեցի, Sûrp Hovhannes Mkrtitsj) is in monumintale armeensk-apostoalyske tsjerke yn it sintrum fan Abovjan en de provinsje Kotajk, Armeenje.

Koepel

De bou fan de tsjerke begûn yn augustus 2006 en waard finansjearre troch de Armeenske oligarch Gagik Tsarûkjan, dy't mear tsjerken bouwe liet. "Syn" tsjerken wurde allegear wijd oan Jehannes de Doper, de patroanhillige fan de famylje Tsarûkjan[1]. Nei in boutiid fan sân jier waard de tsjerke yn maaie 2013 troch katolikos Karekin II ynwijd. By dy plechtichheid wiene ek de doedestiidske presidint fan Armeenje Serzj Sarkisjan, premier Tigran Sargsian, de eardere presidint Robert Kotsjarjan en de presidint fan Wyt-Ruslân Aleksander Lûkasjenko, dy't in offisjele besite oan it lân brocht.

Foar dy dei waar in diel fan de oerbliuwsels fan Jehannes de Doper út it museum by de katedraal fan Edzjmiatsin nei Abovjan oerbrocht, dat yn in krús ynlein waard dat by de ynwijing brûkt waard.

De haadarsjitekt fan de tsjerke is Artak Ghûljan en de fresko's binne fan de hân fan de ikoaneskilders Abraham en Hajk Azarjan, mar oan de bou en dekoraasjes wurken nochris likernôch 40 arsjitekten, byldhouwers en skilders mei. De tsjerke is fersierd mei kopieën fan dekoraasjes fan midsiuwske Armeenske tsjerken, fral dy fan de Krústsjerke op it eilân Akdamar yn Turkije.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Religion, Nation and Democracy in the South Caucasus, EAN: 9781317691563