Jehannes XXIII
Jehannes XXIII | ||
![]() | ||
![]() | ||
Paus Jehannes XXIII | ||
amt en titulatuer | ||
tsjerke | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | bisdom Rome | |
sit | Hillige Sit | |
amtsperioade | 1958-1963 | |
foargonger | Pius XII | |
opfolger | Paulus VI | |
wapen | ![]() | |
wurkpaad | ||
preesterwijing | 10 augustus 1904 | |
biskopswijing | 19 maart 1925 | |
kardinaal | 12 jannewaris 1953 | |
persoanlike bysûnderheden | ||
bertenamme | Giuseppe Angelo Roncalli | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 25 novimber 1881 | |
berteplak | Sotto il Monte | |
stjerdatum | 3 juny 1963 | |
stjerplak | Fatikaanstêd | |
hillichferklearring | ||
sillich ferkl. | 3 septimber 2000 | |
hillich ferkl. | 27 april 2014 | |
hjeldei | 11 oktober | |
patroan fan | Italjaanske leger |
Paus Jehannes XXIII, bêrne as Giuseppe Angelo Roncalli (Sotto il Monte, 25 novimber 1881 - Fatikaanstêd, 3 juny 1963) wie de 261ste paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, hy stie as paus oan it haad fan de Roomsk-Katolike Tsjerke fan 1958 oant 1963. Hy waard op 3 septimber 2000 troch paus Jehannes Paulus II sillich en op 27 april 2014 troch paus Fransiskus hillich ferklearre. Syn hjeldei is op 11 oktober, de dei fan de iepening fan it troch him gearroppen Twadde Fatikaansk Konsily.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Angelo Giuseppe Roncalli wie it fjirde bern fan yn in húshâlding fan trettjin bern. De doarpspastoar fan Sotto il Monte ûnderkende de yntelliginsje fan Angelo en liet him, tsjin de sin fan syn heit, dy't syn soan leaver bydragen seach oan it ynkommen fan syn frije tiid Latyn leare. Mei finansjele help fan in omke gie er dêrnei nei it lytsseminary fan Bergamo. Dêrnei nei it grutseminary dêre. As preesterstudint krige er yn 1901 in beurs foar fierdere stúdzje yn Rome, oan it Romeinsk seminary it Apollinare. Hy waard yn 1903 ta diaken wijd en yn 1904 promovearre er yn 'e teology.
Op 10 augustus 1904 waard er ta preester wijd. Hy waard sekretaris fan Giacomo Radini-Tedeschi, de krekt beneamde nije biskop fan Bergamo, en dosearre tsjerkeskiednis oan it seminary dêre. Tegearre mei Radini sette Roncalli him yn foar de ferbettering fan de posysje fan tekstylarbeiders yn Ranica. De tekstylarbeiders dêre waarden swier ûnderbetelle, en wiene, neidat se al moannen gjin lean mear krigen hiene, yn septimber 1909 yn staking gien. In protte stakers waarden troch de plysje oppakt, mar de staking hold stân. Radini-Tedeschi en syn sekretaris, Roncalli, wiene solidêr mei de stakers, sawol yn geskrift as yn die. Sa skonk Radini syn biskopsring ta ferkeap oan de stakingslieding, doe't de stakingskas leech rekke wie. Roncalli besocht finzennommen stakers. Roncalli besocht finzennommen stakers. Doe't er op it plysjeburo fan Ranica in frou moete dy't dêr tegearre mei har poppe finzen set wie, joech dy frou him de poppe, dy't troch Roncalli yn it biskoplik paleis yn feilichheid brocht waard.
Op 20 augustus 1914 ferstoar paus Pius X, en twa dagen letter dy syn biskop Mgr. Radini-Tedeschi. Dit betsjutte in grut ferlies foar him. Boppedat rekke Roncalli syn posysje as sekretaris dêrnei kwyt. Op het moment dat de Earste Wrâldkriich útbruts. Sette hy him earst yn as hospitaalsoldaat, en letter as aalmoezenier.
Angelo Roncalli waard op 3 maart 1925 troch paus Pius XI beneamd ta apostolysk fisitator foar Bulgarije, sechstjin dagen letter folge syn biskopswijing, en waard er titulêr aartsbiskop fan Areópoli. Diplomatyk en leafdefol operearjend besocht er de betrekkingen mei de Bulgaarske Ortodokse Tsjerke te ferbetterjen.
Yn de Twadde Wrâldkriich sette er him yn foar de rêding fan Joaden yn Grikelân. Pius XII beneamde him op 23 desimber 1944 ta nuntius yn Parys. Op 24 novimber 1952 ûntfong Roncalli in brief fan it Steatssekretariaat dêr't yn stie dat paus Pius XII him beneame ta opfolger fan de slim sike patriarch fan Feneesje, Carlo Agostini. Dy ferstoar yndied koart nei krysttiid. Op 9 jannewaris 1953 folge Roncalli's beneaming yn Feneesje en trije dagen letter waard er kardinaal-pryster kreëarre.
Doe't er op 28 oktober 1958 nei in konklaaf fan fjouwer dagen op yn 'e âldens fan 77 jier ta paus keazen waard, beskôge men him fanwegen syn frij hege leeftiid as "tuskenpaus"[1]. Dêrby moat oars betocht wurde dat de kardinalen dy't yn konklaaf byinoar kommen wiene allegear relatyf âld wiene. Fan de 53 oanwêzigen kardinalen wiene der 24 âlder as Roncalli. Paus Pius XII hie by syn nochtans lange pontifikaat mar twa konsistoarjes hâlden, en as gefolch dêrfan wie it Kolleezje fan Kardinalen lyts en wiene de leden dêrfan hast allegearre op leeftiid.
Op 25 jannewaris 1959 rôp er it Twadde Fatikaansk Konsily byinoar, dat ta in soad feroaringen yn de Katolike Tsjerke liede soe. Johannes XXIII rôp it konsily út fanút it langstme ta "aggiornamento", wat "by de tiid bringe" betsjut. Hy fergrutte it kardinalekolleezje oant 87 kardinalen, wêrûnder Laurean Rugambwa út Tanzania de earste Afrikaanske Kardinaal.
By paus Jehannes XXIII waard op 23 septimber 1962 in fier foardere stadium fan maachkanker konstatearre. Oars as dat letter, by bygelyks Jehannes Paulus II, it gefal wie, wie it yn dy tiid noch ûngebrûklik dat der wiidweidige meidielingen dien waarden oer de sûnenstastân fan de paus. It publyk soe dus noch lange tiid ûnwittend bliuwe fan Jehannes XXIII syn sykte. Op 25 maaie 1963 krige er in maachblieding. Hy waard opnaam yn it sikehûs en krige bloedtransfúzjes. Pas doe waard in parseberjocht opsteld, wêryn't dúdlik makke waard dat de paus terminaal siik wie. In pear dagen dêrnei, op 3 juny, ferstoar er. Jehannes XXIII waard op 3 septimber 2000 sillich ferklearre troch Jehannes Paulus II, op 27 april 2014 folge de hillich ferklearing troch Jehannes Paulus II. Yn 2017 waard de hillige Johannes XXIII troch paus Franciskus oantsjut as patroan fan it Italjaanske leger.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
![]() |
Pausen yn 'e 20ste iuw | ![]() | |
---|---|---|---|
Pius X · Benediktus XV · Pius XI · Pius XII · Jehannes XXIII · Paulus VI · Jehannes Paulus I · Jehannes Paulus II |
|||
![]() ![]() ![]() |