Springe nei ynhâld

Jehannes Paulus I

Ut Wikipedy
Jehannes Paulus I
   kristlik lieder
Paus Jehannes Paulus I
Paus Jehannes Paulus I
amt en titulatuer
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom bisdom Rome
sit Hillige Sit
amtsperioade 1978
foargonger Paulus VI
opfolger Jehannes Paulus II
wapen Wapen fan Jehannes Paulus I
wurkpaad
preesterwijing 7 july 1935
biskopswijing 27 desimber 1958
kardinaal 5 maart 1973
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Albino Luciani
nasjonaliteit Italjaansk
bertedatum 17 oktober 1912
berteplak Canale d'Agordo
stjerdatum 28 septimber 1978
stjerplak Fatikaanstêd
hillichferklearring
sillich ferkl. 4 septimber 2022

Paus Jehannes Paulus I, bêrne as Albino Luciani (Canale d'Agordo, 17 oktober 1912 - Fatikaanstêd, 28 septimber 1978) wie de 263ste paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Syn pontifikaat duorre 33 dagen.

Jehannes Paulus I wie de opfolger fan Paulus VI en waard al gau bekend as de "laitsjende paus". Foarôfgeand oan syn pontifikaat wie er patriarch fan Feneesje. Hy wie de earste paus mei in dûbelde namme.

Syn optreden by syn koarte pontifikaat waard karakterisearre troch rom omtinken foar kategse. Hy gie troch foar in beskieden man. As earste paus seach er ôf fan in kroaning en betsjinne er him, behalve yn teksten dy’t taret wiene troch de Kuery, net fan it majesteitlik meartal.

Albino Luciani waard berne as âldste soan út it twadde houlik fan in mitseler. By de berte bestie grutte noed oer syn sûnens. Om dy reden waard er fuort nei de berte troch de froedfrou doopt. Twa dagen nei syn berte waard de doop befêstige troch de pastoar yn'e pleatslike karspeltsjerke. Albino soe syn hiele libben in swakke sûnens hawwe en perioaden trochmeitsje mei slime pine.

Albino groeide op yn it Noard-Italjaanske Forno di Canale (it hjoeddeistige Canale d'Agordo), in doarp yn de Dolomiten dêr't grutte earmoed wie. Doe't Albino tsien jier âld wie, wenne er in retrête by fan in kapusyner of minderbroeder. Dêr rekke er sa fan ûnder de yndruk dat er oanjoech pryster wurde te wollen, in foarnimmen dat stipe waard troch syn mem en de pleatslike pastoar.

Om nei it lytsminary te meien hie Albino lykwols de tastimming fan syn heit nedich. Doe skreau er in brief oan syn heit, dy't op dat stuit yn Dútslân wurksum wie, dêr't er syn goedkarring yn frege. Yn 1923 gie Albino nei it lytsseminary fan Feltre. Nei it lytsminary folgen fan oktober 1928 ôf stúdzjes oan it grutseminary Gregoriano yn Belluno.

Op 7 july 1935 waard Albino Luciani yn de San Pietro-tsjerke te Belluno ta preester wijd troch de biskop fan Belluno, nei syn wijing folge de oanstelling ta kapelaan yn syn bertedoarp. Yn 1937 waard er oansteld as professor oan it grutseminary te Belluno.

Luciani syn ambysje om oan de "Pontificia Università Gregoriana" yn Rome te promovearjen stuite op wjerstân by de rektor fan it grutseminary. Betingst om yn Rome ôf te studearjen wie nammentlik dat Lusiani op syn minst ien jier yn Rome ferbliuwe soe om syn stúdzjes klear te meitsjen, dêr't de rektor gjin tastimming foar jaan woe. Uteinlik soe him yn 1941, troch fersiken fan de rektor en pater Felice Capello ferbûn oan de universiteit fan Rome, troch paus Pius XII dispensaasje ferliend wurde om syn doktoraat hielendal yn Belluno ta te rieden. Op 23 novimber 1946 promovearre Luciani ta doktor yn'e teology.

Op 2 febrewaris 1948 waard Luciani beneamd ta pro-fikaris-generaal fan it bisdom Belluno-Feltre. Yn 1955 waard Albino Luani troch de doe sittende biskop fan Belluno-Feltre, Tolacchino Muccin, by de Hillige Kongregaasje foar it Konsistoarje foardroegen as biskopskandidaat. Paus Pius XII soe it fersyk net honorearje, mei op basis fan in rapport dêr't yn wiisd waard op de swakke sûnens fan Luciani, syn meagere postuer en de oanwêzigens fan op syn minst ien minderbejeftige suster yn syn famylje.. Luciani hie lykwols it biskopsamt net ambiearre. Noch gjin jier dêrfoar wie er lang opnommen yn in sanatoarium en hie er in fersyk yntsjinne om pryster te wurden yn in berchdoarp, wat wegere waard. Nei de ferkiezing fan Angelo Roncalli ta paus Jehannes XXIII waard op'e nij Luciani's namme neamd foar in eventuele biskopsbeneaming. Sûnder acht te slaan op de beswieren fan 1955 gie de paus daalks akkoart mei syn beneaming. Dochs woe Albino syn beneaming wer wegerje, wêrby't er wiisde op syn swakke sûnens en benammen op syn problemen mei it sykheljen. Jehannes antwurde dêrop: "Foartrefflik. As dat it iennige is, stjoer ik dy nei Vittorio Veneto. It biskoplik paleis leit dêr op in heuvel. De luchtkwaliteit is goed en sil dy goed dwaan!" Op 27 desimber 1958 waard Albino Luciani troch paus Johannes XXIII ta biskop wijd yn de Sint-Pitersbasilyk.

Op 17 septimber 1969 ferstoar de doetiidske patriarch fan Feneesje, kardinaal Giovanni Urbani. As opfolger sirkulearren de nammen fan Antonio Samorè, dy't troch syn konservative tinkbylden troch de Fenetianen net winske waard, en Albino Luciani, dy't ynearsten foar de eare betanke, mar úteinlik ûnder druk fan it Fatikaan de beneaming oannaam. Nei syn offisjele beneaming op 15 desimber 1969 naam Luciani op 3 febrewaris 1970 by in eucharistyfiering besit fan syn aartsbisdom. Op syn fersyk seach men ôf fan de gondelprosesje, dêr't tradysjegetrou in nije patriarch mei binnenhelle waard.

Albino Luciani wie bysûnder begien mei in tehûs foar ferstanlik beheinde bern. Doe't dit tehûs yn finansjele swierrichheden drige te reitsjen, ferkocht er in part fan it Fenesiaansk liturgysk fakwurk, lykas in gouden ketting dy't him by gelegenheid fan syn biskopswijing troch Paus Johannes XXIII skonken wie en noch oan paus Pius XII taheard hie. Syn optreden yn Feneesje fûn in soad wurdearring by paus Paulus VI, dy't de patriarch ôffurdige nei de algemiene biskoppesynoade.

Yn septimber 1972 besocht paus Paulus VI de stêd Feneesje. Yn in grutte ûntfangst op it San Marcoplein makke de paus in gebear nei Lusiani troch publyklik syn stola ôf te dwaan en dy om de skouders fan'e patriarch te hingjen. It gebear fan de paus waard troch in protte minsken sjoen as in oanwizing foar in beneaming dy't op hannen wie fan Luani ta kardinaal, in beneaming dy't seis moanne letter folgje soe. Yn it konsistoarje fan 5 maart 1973 waard Albino Luciani ta kardinaal-pryster kreëarre.

Op 6 augustus 1978 om 21.40 ferstoar paus Paulus VI te Castel Gandolfo oan de gefolgen fan in hertoanfal. Op de twadde fan it konklaaf 26 augustus 1978 waard Lusiani troch de kardinalen oant 263ste paus keazen. Hy naam de namme Jehannes Paulus I oan in dûbele namme út respekt foar syn beide foargongers. Yn de nacht fan 28 op 29 septimber 1978 dea yn syn bêd oantroffen. De dokter, ferbûn oan it Fatikaan, ûndersocht it lichem en kaam ta de konklúzje dat Johannes Paulus I ferstoarn wie oan in akút hertynfarkt. Trochdat Johannes Paulus I al sa betiid nei syn ferkiezing stoar, heart syn pausskip ta de koartste tsien pontifikaten yn de skiednis fan it pausdom. Johannes Paulus I is oant no ta de koartst regearjende paus fan'e moderne tiid. Yn 2021 waard bekend dat de paus sillich ferklearre wurde soe, wat op 4 septimber 2022 barde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE
Pausen yn 'e 20ste iuw

Pius X · Benediktus XV · Pius XI · Pius XII · Jehannes XXIII · Paulus VI · Jehannes Paulus I · Jehannes Paulus II


· · Berjocht bewurkje