Jefta
| Jefta | ||
| Jefta en syn dochter (James Tissot) | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| alternative nammen | Jephthah | |
| folk | Gileädyt (stamme fan Manasse) | |
| Famylje | ||
| heit | Gileäd | |
| mem | net neamd (in prostituee) | |
| bern | ien dochter (net by namme neamd) | |
| Bibelske rol | ||
| rol | Achtste rjochter fan Israel | |
| perioade | 12e of 11e iuw f.Kr. | |
| bekend fan | Syn ûnthjit; oerwinning op de Ammoniten; it Sjibbôlet-ynsidint | |
| neamd yn | Rjochters 11-12; Hebreeërs 11:32 | |
Jefta wie de achtste rjochter fan Israel. Hy wie de soan fan Gileäd en in prostituee. Fanwegen syn ôfkomst waard er troch syn healbruorren ferjage en flechte er nei it lân Tob, dêr't er lieder waard fan in groep los folk dêr't er mei op en út gie.
De striid tsjin de Ammoniten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't de Ammoniten Israel oanfoelen, hiene de âldsten fan Gileäd in sterke lieder nedich. Hja sochten Jefta op en fregen him om harren oanfierder te wurden. Jefta stimde yn, op betingst dat er nei de oerwinning harren haadman bliuwe mocht.
De belofte en it offer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foardat Jefta de striid oangie, die er in belofte oan God: as er de Ammoniten ferslaan soe, soe er it earste dat him út syn hûs temjitte kaam as brânoffer oanbiede. Jefta helle in grutte oerwinning, mar by syn thúskomst yn Mispa wie it syn iennichst bern, syn dochter, dy't dûnsjend nei bûten kaam om him te ferwolkomjen.
Jefta wie brutsen, mar fûn dat er syn belofte net brekke koe. Syn dochter krige twa moannen de tiid om mei har freondinnen yn 'e bergen te kleien oer it feit dat hja nea trouwe soe, wêrnei't Jefta syn belofte neikam.

(Francisco Goya)
De Toara is hiel dúdlik oer minske-offers. Yn 'e tiid fan 'e rjochters wie it bringen fan berne-offers in bekend gebrûk by buorfolken (lykas de Ammoniten en de Moäbiten dy't de god Moloch tsjinnen), mar foar de Israeliten wie soks in griis:
- Levitikus 1:21: Jo sille jo bern net oerjaan om offere te wurden oan Moloch..."
- Deuteronomum 12:31: Doch soks de Heare jo God net oan. Ommers al wat de Heare in grouwel fynt en dat Hy hatet, dogge hja foar har goaden.
Om't it sa bot tsjin de Wet fan Moazes yngiet, binne der ûnder bibelwittenskippers twa streamingen dy't de folgjende útlis jouwe:
- Jefta hat har yndie offere en it ferhaal tsjinnet yn dat gefal as in tragysk foarbyld fan wat der bart as it folk de echte ynhâld fan de Wet ferjit en heidenske gewoanten oernimt.
- It ferhaal is in symboalyske lêzing en it offer betsjutte dat hja har libben lang faam bliuwe moast om God te tsjinjen by it tabernakel. Dat soe ferklearje wêrom't hja en har freondinnen yn 'e bergen klage oer har fammeskip en net oer har dea.
De Bibel sprekt gjin oardiel út oer Jefta's died.
Sjibbolet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de oerwinning op 'e Ammoniten krige Jefta spul mei de stamme fan Efraïm, dy't misledige wie om't hja net útnoege wiene foar de striid. Dat rûn út op in stamme-oarloch. By de furden fan 'e Jordaan wisten Jefta's manlju de útnaaiende Efraïmiten te werkennen troch harren it wurd "Sjibbôlet" útsprekke te litten. Om't Efraïmiten de "sj"-klank net útsprekke koene (hja seiden "Sibbôlet"), waarden hja werkind en deade waarden.
Dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jefta hat seis jier rjochter west oer Israel. Hy stoar en waard begroeven yn ien fan 'e stêden fan Gileäd. Nettsjinsteande syn tragyske belofte wurdt er yn it Nije Testamint (Hebreeërs 11) neamd as ien fan 'e helden fan it leauwe.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Rjochters fan Israel (Alde Testamint) | |
|---|---|
| It Boek Rjochters | |
|
Otniël · Ehûd · Sjamgar · Deboara · Gideön · (Abimêlek anty-rjochter) · Tola · Jaïr · Jefta · Ibsan · Elon · Abdon · Simson | |
| It Boek 1 Samuël | |
