Springe nei ynhâld

Jean-Claude Langlois

Ut Wikipedy

Jean-Claude Langlois (Saint-Eustache (no Sainte-Marthe-sur-le-Lac), 23 juny 1934 - Saint-Eustache, 4 april 2012) wie in Kanadeeske learaar, sjoernalist, sakeman en in krante-eigener en betinker fan Frânsketalige wurdsikerpuzels.

Jean-Claude Langlois wie de soan fan Adonel Langlois en Simone Laviolette. Hy wie it twadde bern yn in húshâlding fan tolve en de âldste fan sân jonges. Hy wie fan ienfâldige boere-komôf. Yn syn earste jierren op de legere skoalle skreau er boppe op elke side fan ien fan syn oantekenboekjes it motto: "Doch goed wat jo dogge." Hy soe syn hiele libben dizze gedrachsline folgje.

Yn 1954 helle er syn ûnderwiisfoech A en wie sûnttiids learaar oan it Sacré-Cœur kolleezje en de Jacques-Labrie skoalle yn Saint-Eustache. Hy joech ek les oan de Saint-Martin Skoalle yn Laval, dêr't er nei 13 jier stoppe.

As leafhawwer fan krúswurdpuzels makker ein jierren fyftich syn eigen diagrammen, dy’t ferskyden yn de krante La Victoire. Yn syn tiid as learaar oan de Saint-Martinschool betocht en ûntwikkele hy de wurdsikerpuzel, de Mots-mystères, ek wol mots cachés neamd. De puzels wiene ynearsten bedoeld foar syn learlingen, om betroud te reitsjen mei de Frânske grammatika. Hy waard redakteur fan it blêd Mot-Mystère. Ein jierren sechtich besleat er syn útfining op de merk te bringen, en rekke sa yn de sakewrâld. It is net dúdlik oft hy de earste wie dy ‘t de wurdsiker betocht. Guons skriuwe de útfining ta oan de Spanjert Pedro Ocón de Oro of Norman Gibat, mar der binne gjin gegevens wannear't de earste wurdsikerpuzel publisearre waard. Om dy reden keazen histoarisy dêrom faak Gibat as de útfiner fan it tiidferdriuw. Der binne ek minsken dy ‘t beweare dat it Gibat ynspireare waard troch de Spaanske ferzje by syn puzelmeitsjen. [1] Feit is dat gjinien fan harren har kreaasjes patintearre en dat is ek de reden wêrom't wurdsikers sa fluch ferspraat rekken oer de wrâld, sûnder in mienskiplike en universele puzelnamme.[2]

Yn de sechtiger jierren wurke er koarte tiid as radiopresintator en nijslêzer. Dêrnei wurke er as sjoernalist foar regionale wykblêden, wêrûnder La Victoire, oprjochte troch minister en premier Paul Sauvé. Dy oerstap nei de wrâld fan de sjoernalistyk makke dat er syn eigen wykblêd yn Saint-Eustache oprjochte, La Concorde. It earste nûmer fan La Concorde ferskynde yn oktober 1969. Dêrnei naam er de kranten La Victoire en L' Awakening oer dy’t er gearfoege ta ien krante. Yn 1976 naam hy yn de regio Sainte-Thérèse de krante Nord Info oer en yn de jierren njoggentich it wykblêd La Voix des Mille‑Îles. Yn de jierren tachtich joech hy ek kranten út yn Saint-Jérôme en Laval. Neist dizze fjouwer ûnôfhinklike kranten dy’t er útjoech yn de omkriten fan Deux-Montagnes, Mirabel en Thérèse-De Blainville, exploitearren Langlois en de JCL Group ek it in krante- en folderdistribúsjebedriuw, it Crossword Center dat it Mystery Word publisearre en de Jeanne Audet Boutique yn it âlde Saint-Eustache.

Oare aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Langlois wie foarsitter fan ûnder mear de Kiwanis Club Saint-Eustache, de Keamer fan Keaphannel fan Saint-Eustache. Neist syn fjouwer kranten wie Jean-Claude Langlois ek jierrenlang belutsen by Hebdos Québec en by de oprochting fan dizze non-profitorganisaasje dy’t him rjochtet op de promoasje fan de lokale en regionale ûnôfhinklike parse yn Quebec.

Yn syn karriêre as sakeman krige er in soad prizen. Sa krige er bygelyks yn 2005 krige de Ordre des Hebdos du Québec. Hy waard troch it distrikt en de Kanadeeske Kiwanis Foundation beneamd as lid yn de Oarder fan Mel Osborne. De stêd Saint-Eustache ferliende him yn 2007 de Orde fan Saint-Eustache. Yn 2009 krige hy de National Assembly Medal fan Quebec. Twa jier letter waard er de earste ûntfanger fan de Desjardins-priis, takend troch de Thérèse-De Blainville Economic Development Corporation (SODET) as erkenning foar syn bydrage as ûndernimmer oan de mienskip.

Yn Boisbriand, in stêd yn de provinsje Quebec, waard de rue Jean-Claude-Langlois nei him as puzelmakker neamd.[3]

De direkteur en oprjochter fan de JCL Group ferstoar yn de nacht van 4 april yn it Saint-Eustachesikehûs op 77-jierrige leeftyd. Nei syn ferstjerren gie syn famylje troch mei it bedriuw.

  • Sylvie Mondou - Jean-Claude Langlois, L'inventeur du Mot Mystère: Aussi Créateur D'une Entreprise Familiale útjouwer Éditions Blainville Deux-Montagnes, 2007 ISBN 9782980977503

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Mots mystères #2, www.geocaching.com
  2. Cuál es el origen de la sopa de letras, La Nacion, 6 maaie 2024
  3. Oer de Rue Jean-Claude Longlais