Jayemastate

Ut Wikipedy
Wierskynlik de ruïne fan Jayemastate
States en pleatsen om Hallum
Jayemastate yn 2009

Jayemastate, ek: Jaijemastate, Jaimastate, Jurremastate, is in eardere stins en stie noardwestlik fan Hallum, gemeente Ferwerderadiel. Tsjintwurdich stiet op it stinsterrein in pleats.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De krekte eigendomsskiednis is net wis, wol is dúdlik dat de Jayema's ein 15e iuw op de grins fan adel en eigenierden sieten. Yn 1444 slueten Menno Jayema en syn soannen Sybet en Scelte Jayema har mei oare haadlingen oan by in bûn mei de stêd Grins; omdat fuort nei harren Remko Donia út Hallum neamd wurdt, liket it oannimlik dat sy ek yn Hallum en wol op Jayema wennen. (Yn 1440 wie Menno Iayama foud oer Cammingha-wezen yn Ljouwert. Yn 1453 komt Schelte Jayma as segelder foar). Yn it jier 1462 waard op Palmpeaske Tzalinck Sytyama yn Marrum deaslein troch Schelte Jaiama, "ende Schelte worde oock gewondt in zyn knie, daer hy nae an sterff". Hy oerlibbe dy ferwûning dus mar amper, mar om it dramatyske effekt hawwe guon skriuwers him hjir écht oan stjerre litten. Tzalinck wurdt beskôge as in lid fan it Marrumer haadlingelaach Botnia; hy wie mei in frou Sybada, ek fan Marrum, wertroud. De kronykskriuwer beskriuwt him as in manhaftich Skieringer hearskip; Schelte Jaiama hearde grif ta de Fetkeapers. Omdat Jayema yn Hallum net fier fan de Marrumer staten Botnia en Sybada lei, is de yn de lettere histoarysk foarkommende meidieling dat Schelte Jayema yn Hallum wenne net wierskynlik.

Dat yn 1462 ferstoar Schelte Jaijema oan in wûne dy't er oprûn hie by it twakamp yn Marrum op Palmsnein mei Tjalling Sythijema. Dy hie earst de partij fan de Fetkeapers oanhongen, mar feroare op in stuit fan ynsjoch en waard ien fan de oanfierders fan de Skieringers. Schelte Jaijema krige om 1461 in skeel mei dizze Tjalling Sythiema. Op Palmsnein fan dat jier dagen se elkoar út ta in twastriid yn Marrum, mei as gefolch dat Tjalling deadlik ferwûne rekke en stoar. Schelte wie lykwols yn in knibbel rekke en ferstoar letter troch kâldfjoer yn dy wûne.

Dat Jayema wat mear wie as in "gewoane" pleats kin ek ôflaat wurde út it feit dat de bewenster fan Jayema, nammentlik Siowck, widdo fan Syuert te Jayama, ek yn 1497 skeel mei de Botnia's hie, diskear oer in betelling foar in statussymboal as de swannejacht.
Yn 1511 wie Jyme Jayma pachter fan Gabba Jaima; yn 1540 wienen de eigendomsrjochten oergien op de erven fan Harmen Quakenbrug, dy't troud wie mei in Phy, faaks de mem fan de lettere Douwe Jayema. Twa generaasjes letter wie Phy Douwesdr. Jayema troud mei in Jelgerhuis. Omdat de Jelgerhuizen yn Ljouwert en de Beslinga's (alias Arendsma), dy't harren namme ûntlienden oan it besit fan Beslingastate te Friens, mei elkoar besibbe wienen, brûkte de family Fan Sytzama op Beslinga letter it wapen Jayema om in lakune yn har kertiersteat op te foljen, hoewol't sy sels gjin Jayema-foarâlden hie. It wapen "Jayema toe Hallum" komt troch dizze optochte alliânsje Beslinga-Jayema op meardere grêfstiennen en roubuorden fan de Fan Sytzama's yn de tsjerke fan Friens foar.

Jayemastate fererve fia Phy (II) Jayema, troud mei Gerrit Wybes fan Jelgerhuis, meardere kearen boargemaster fan Ljouwert, earst op harren soan Douwe Jayema, "innocent" en sûnder bern stoarn en dêrnei op harren pakesizzer Sjoukjen Styp, dochter fan Tryntje Jelgerhuis en Pieter Styp. Troch har houlik mei Allert Gratema, út it Grinslanner Westerkertier, kaam Jayema oan de Gratema's. Neffens Cannegieter hearde de state yn 1640 oan de erven Beyers en A. A. Camp, yn 1670 oan Duco Martena fan Burmania en yn 1698 oan Hessel fan Eminga; yn 1728 oan Frouwe fan Scharrenberg en yn de 19e iuw oan Frou Looxma widdo Ypey.

Jaijemastate leit neist in net sa hege mar wol frij grutte terp binnen de âlde seedyk. It lân dat yn 1832 noch by de pleats hearde, leit foar in lyts part binnendyks en foar it grutste diel yn de opstek fan de lannen bûtendyks, presys grinzjend oan en like breed as de eigendommen binnendyks. De westlike helte fan de âlde terp binnendyks is dan lykwols eigendom fan it bûtendyks lizzende Feitsmastate, dêr't it lân fan fierders ek op it nije lân leit. Hjir is ek it blok fan de bûtendykse lannen allike breed oan it oanswettende lân binnen de dyk. Itselde is te sjen by Aysma en Buma te Dyksterhuzen ûnder Bitgum troch de wurking fan it rjocht fan de binnendykse boer op it oanswettende bûtendyks oanwûne lân. It is dan ek goed mooglik dat Jajema hjir de âldste oarsprong hat. Troch de bûtendykse lânoanwinning sil it bedriuw nei alle gedachten te grut woarn wêze en is it binnendyks lizzende Waltastate op it grutste diel fan it oarspronklik binnendykse lân stichte. Troch de oanhâldende lânoanwinning is op in stuit grif ek Feitsma bûtendyks fan Jaijema ôfsplitst en neffens Oldersma (ek wol Lyts Feitsma neamd en ek bûtendyks lizzend) wer fan Feitsmastate.

Yn 1640 en letter wie de state in pachtpleats; yn 1850 lei der noch in grêft om it stee. Cannegieter skriuwt yn 1850: "bestaat sedert onheuglijke jaren niet meer, en is thans eene boerenplaats, welke zich door niets van andere onderscheidt".

Eigeners/bewenners
  • 1462 Schelte Jaiama (?)
  • < 1497 Syuert te Jayama (bewenner; ek eigener?)
  • 1511 Gabba Jaima
  • Douwe Jayema
  • 1540 Phy Jayema en Harmen Quakenburg,
  • Douwe Jayema en syn frou Aeff Seerps Beyma
  • Phy Douwes Jayema en har man Gerrit Wybes fan Jelgerhuis
  • Douwe Jayema
  • Sjoukje Styp, en har man Allert Gratema.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Webstee oer states en stinzen
  • D. Cannegieter - Geschiedkundige herinneringen van Hallum, artikels yn de Friesche Almanak fan 1851 en 1852
  • Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel, 1981
  • Herma M. van den Berg - De historie gaat door het eigen dorp, sa. 1955