Jawor
| Jawor | ||
| Riedshûs | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Woiwodskip | Neder-Sileezje | |
| Boargemaster | Emilian Bera | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 21.656 (31.12.2023)[1] | |
| Oerflak | 18,8 km² | |
| Befolkingsticht. | 1.152 ynw./km² | |
| Hichte | 191 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1275 (stedsrjochten) | |
| Postkoade | 59-400 | |
| Netnûmer | +48 76 | |
| Tiidsône | UTC+1 | |
| Simmertiid | UTC+2 | |
| Offisjele webside | ||
| www.jawor.pl | ||
| Kaart | ||
Jawor (Dútsk: Jauer) is in stêd yn it súdwesten fan Poalen, yn it woiwodskip Neder-Sileezje. De stêd leit oan 'e rivier de Nysa Szalona en is foaral ferneamd fanwege de Fredestsjerke, dy't sûnt 2001 op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO stiet. It is in stêd mei in ryk yndustrieel ferline en in histoarysk sintrum.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jawor leit yn it foarberchtme fan it Reuzeberchtme (Karkonosze), yn 'e regio Neder-Sileezje. De stêd leit likernôch 60 kilometer bewesten de grutte stêd Wrocław. It lânskip om 'e stêd hinne is licht heuveleftich en fruchtber. Krekt as de rest fan Sileezje hat Jawor in lânklimaat mei ynfloeden fan 'e see. De simmers binne relatyf waarm en de winters minder strang as yn it easten fan Poalen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De stêd krige al yn 1275 stedsrjochten en wie yn 'e midsiuwen de haadstêd fan it hartogdom Jawor. Yn dy tiid wie de stêd in wichtich hannelssintrum foar lekken en nôt. Troch de iuwen hinne hat de stêd wikseljend ûnder it bestjoer fan 'e Poalske Piasten, it Keninkryk Bohemen, Eastenryk en Prusen stien.
Nei de Tritichjierrige Kriich (1618-1648) krigen de protestanten yn it roomske Sileezje tastimming om trije "Fredestsjerken" te bouwen, wêrfan ien yn Jauer. De betingsten wiene strang: de tsjerken moasten yn in jier tiid boud wurde, sûnder stien of metaal te brûken (allinnich hout, liem en strie) en se moasten bûten de stedsmuorren stean.

Yn 'e 19e iuw groeide de stêd troch de yndustriële revolúsje, benammen de masinebou en de fiedselyndustry.
Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch wie de sitewaasje yn Jauer gaoatysk en dreech. Doe't it Reade Leger yn febrewaris 1945 tichterby kaam, flechten tûzenen Dútske ynwenners yn 'e winterkjeld mei hynder en wein út Jauer wei nei it westen. In soad fan harren kamen om troch útputting of geweld. De minsken dy't efterbleaun wiene of weromkearden nei de kapitulaasje, krigen te meitsjen mei de besluten fan 'e Konferinsje fan Potsdam. Sileezje waard oan Poalen tawiisd en de Dútske befolking moast ferfarre. Under faak minne omstannichheden waarden hiele hûshâldings yn frachtweinen of treinen set en oer de nije grins (de Oder-Neisse-line) brocht.
It plak fan 'e Dútsers waard ynnommen troch Poalen, dy't sels ek alles ferlern hiene. In grut diel fan 'e nije ynwenners kaam út it easten fan it âlde Poalen, dat no troch de Sovjet-Uny ynnommen wie, lykas de omkriten fan Lviv).
Yn Jauer moasten dizze nije Poalske ynwenners in bestean opbouwe yn huzen dy't noch fol stiene mei de spullen fan de minsken dy't krekt ferdreaun wiene. Al yn 'e simmer fan 1945 begûnen de nije Poalske bestjoerders de namme Jawor te brûken. De namme Jawor waard formeel en wetlik fêstlein op 19 maaie 1946.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed-de-dei hat Jawor likernôch 21.600 ynwenners. De befolking rint de lêste jierren wat werom, in trend dy't yn mear Neder-Silezyske stêden te sjen is troch de groei fan Wrocław.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De yn fakwurkstyl boude Fredestsjerke (Kościół Pokoju) is it grutste houten religieuze gebou yn Europa. It ynterieur is ryk fersierd mei barokke skilderingen. Alder as de Fredestsherje is de katolike Sint-Martenstsjerke (Poalsk: Kościół św. Marcina), in trijeskippich goatysk bouwurk.
Op 'e merk stiet it âlde riedshûs, dat oarspronklik út de 14e iuw datearret mar letter ferboud waard.
It kastiel fan 'e Piasten is in midsiuwsk kastiel dat eartiids de residinsje fan 'e hartoggen fan Jauer wie.
Dielen fan 'e âlde fêstingwurken mei de karakteristike tuorren binne bewarre bleaun.
Ekonomy en oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jawor is hjoed-de-dei in yndustrieel sintrum. De iepening fan in grutte fabryk fan Mercedes-Benz (motoren en batterijen) brocht in soad nije wurkgelegenheid nei Jawor.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
