Springe nei ynhâld

Javaanske túfearn

Ut Wikipedy
Javaanske túfearn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifthaukeftigen (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaitúfearnen (Nisaetus)
soarte
Nisaetus bartelsi
Stresemann, 1924
IUCN-status:

De Javaanske túfearn of Javaanske toefearn (Nisaetus bartelsi; synonym: Spizaetus bartelsi) is in rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) binnen it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes). It is in bedrige, endemyske fûgelsoarte op it Yndonezyske eilân Java.

De fûgel is ûnder ljocht mei donkere streken.

De fûgel is 56 oant 60 sm lang en hat in wjukspanwiidte fan 110 oant 130 sm. De Javaanske túfearn is in middelgrutte earn mei koarte, rûne wjukken. De boppedielen fan in folwoeksen Javaanske túfearn binne donkerbrún en ûnder is de fûgel wyt mei streken en bannen. As de fûgel sit, is syn rjochtopsteande túf hiel dúdlik te sjen. Yn 'e flecht falle de opfallende "fingers" (de útsprate slachpinnen oan 'e wjukeinen) op, lykas ek de wite kiel mei in swarte streek en de brede swarte bannen op 'e flechtfearren en de sturt.

It fearrekleed fan juvenilen en jonge folwoeksenen wike dúdlik ôf. In jonge fûgel hat in ljocht gielbrune kop en ûnderkant, in koartere túf en in ljochtere swarte bân op 'e wjukken en de sturt.

De ljochte foarm fan 'e Yndyske túfearn (Nisaetus cirrhatus) kin in soad op 'e Javaanske túfearn lykje. Dochs ûnderskiedt de Javaanske túfearn him troch de folle tichter tekene ûnderkant en wjukken, de langere túf, en de gielbrune (ynstee fan wite) kop by de jonge fûgels.

Fersprieding en leefgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze soarte is endemysk op Java, dêr't de fûgel oars seldsum is en allinnich noch libbet yn 'e lêste restanten natuerlik bosk. Neffens literatuer út 2016 binne der ek waarnimmings dien op it oanbuorjende eilân Baly. It leefgebied bestiet út reinwâlden, mar ek degenerearre bosk dat noch foarkomt op rotsige hellings dy't fierders ek ryk begroeid binne. De measte waarnimmings binne dien op hichten tusken de 500 en 1000 meter boppe de seespegel.

De Javaanske túfearn libbet yn in bedrige type habitat en dêrtroch is de kâns op útstjerren oanwêzich. De grutte fan 'e populaasje waard yn 2017 troch BirdLife International rûsd op trije- oant tolvehûndert folwoeksen fûgels en de populaasje-oantallen rinne fierder tebek. It leefgebiet wurdt oantaast troch ûntbosking, wêrby't natuerlik bosk omset wurdt yn gebiet foar agrarysk gebrûk, ûnder oaren troch it feroarsaakjen fan boskbrannen, ek yn formeel beskerme gebieten. Dêrnjonken is der hannel yn 'e fûgelsoarte, dy't neffens in publikaasje út 2009 op fûgelmerken te keap oanbean wurdt. Dêrfandinne stiet dizze soarte as bedrige op de Reade list fan de IUCN.

Formeel jilde der beheidings foar de hannel yn dizze fûgel, want de soarte stiet yn 'e Bylage II fan it CITES-ferdrach.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: