Springe nei ynhâld

Javaanske iisfûgel

Ut Wikipedy
Javaanske iisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaiechte beamiisfûgels (Halcyon)
soarte
Halcyon cyanoventris
Vieillot, 1819
IUCN-status: net bedrige

De Javaanske iisfûgel (Halcyon cyanoventris) is in fûgel út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Fiskjende iisfûgel.

De Javaanske iisfûgel is in 25 oant 27 sm grutte fûgel mei in opfallende grutte reade snaffel, donkerbrune irissen, kop, kiel en kraach, in blauwe reach, in pears oant blau ûnderbealchje, turkwaze slachpinnen en sturtfearren en reade poaten. Yn 'e flecht is te sjen dat de haadslachpinnen foar in part wyt binne.

De soarte is endemysk op Java en Baly. It binne stânfûgels en se binne sterk territoariaal.

Javaanske iisfûgels briede fan maart oant en mei septimber. Dy moannen komme rûchwei oerien mei it drûge seizoen. In nêst bestiet út 3 oant 5 hast rûne, wite aaikes. Somtiden briedt de Javaanske iisfûgel wol fjouwer kear yn ien seizoen.

De IUCN beskôget de Javaanske iisfûgel op it stuit (2024) as net bedrige. Earder wie de Javaanske iisfûgel in beskerme soarte, mar om 't de IUCN de fûgel net as bedrige beskôget, hat Yndoneezje de beskerme status fan 'e fûgel yn 2018 ynlutsten. Dochs wurdt oannommen dat de soarte oer it generaal ôfnimt. Lokaal is de fûgel ferdwûn, mar yn resintere literatuer wurdt ek melding dien fan Javaanske iisfûgels yn bewenne gebieten mei in soad grien. Dochs rinne populaasjes fan 'e soarte troch it fierdere ûntboskjen en it lytse oantal natoergebieten op Java gefaar. Ek wurdt de Javaanske iisfûgel fongen en as kouwefûgel ferhannele, wylst de soarte dêr hielendal net geskikt foar is. Oare bedrigingen foarmje de tapassing fan pestisiden yn lânbougebieten dêr't de fûgels waarnommen wurde.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op en:Javan Kingfisher