Jason (bibelsk persoan)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Jason (ek: Jazon, Jason fan Tarsus, Jason fan Korinte, Jason fan Tessalonika; betsjutting: "dy't genêst") wie in man út Tessalonika, dy't yn de bibelboeken Hannelingen 17:5-9 en Romeinen 16:21 neamd wurdt.

Doe't de apostel Paulus Tessalonika oandie, prate hy dêr yn de synagoge mei Joaden oer Kristus. Guon Joaden lieten harren troch Paulus oertsjûgje, lykas ek in mannich Griken. De joadske bekearling Jason joech neffens Hannelingen yn dy tiid ûnderdak oan de apostels Paulus en Silas. Joaden dy't neat mei Paulus' boadskip ophiene feroarsaken mei help fan rosmos in opskuor yn de strjitten fan de stêd. Hja kamen by it hûs fan Jason om Paulus en Silas foar in folksgerjocht te bringen, mar doe't hja Paulus en Silas net oantroffen namen hja Jason mei in pear oare kristenen mei. De opskuor makke dat it stedsbestjoer net rjocht wist wat der mei oan en pas nei it beteljen fan in boarch lieten hja Jason en de oaren wer gean.

Yn Romeinen 16:21 ferwiist Paulus tegearre mei Lucius en Sosípater nei Jason en syn lânslju. Nei alle gedachten giet it hjir om deselde Jason.

Yn it Acta Sanctorum fan Jean Bollandus wurdt skreaun dat Jason besibbe wie oan Paulus. Neffens in leginde soe Jason letter mei Sosípater op it eilân Korfû wurke ha. Yn de otterdokske tradysje wurdt Jason fereare as de biskop fan Tarsus.[1] Ek soe Jason ien fan de twaënsantich man west ha, dy't Jezus yn Lukas 10:1 ûnderweis nei Jeruzalim foar him útstjoerde. [2]

Feestdagen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: