Springe nei ynhâld

Jaroslav Skobla

Ut Wikipedy
Jaroslav Skobla
sporter
Jaroslav Skobla (1928)
Jaroslav Skobla (1928)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJaroslav Skobla
nasjonaliteit Tsjechysk
bertedatum16 april 1899
berteplakPraach
stjerdatum22 novimber 1959
stjerplakTeplice nad Bečvou
lingte1.78 m
gewicht83 kg
sportive ynformaasje
sportGewichtheffen
O.S.Parys 1924,
Amsterdam 1928,
Los Angeles 1932
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1932
Brûns grut brûns 1x Olympyske Simmerspullen 1928
Goud grut goud 1x WK 1923
Brûns grut brûns 1x EK 1929

Jaroslav Skobla (Praach, 16 april 1899 - Teplice nad Bečvou, 22 novimber 1959) wie in Tsjechysk gewichtheffer, dy't útkaam foar it doetiidske Tsjechoslowakije.

Hy die ferskate kearen mei oan Europeeske kampioenskippen en trije kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924, 1928 en 1932). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear Wrâldkampioen, en yn Los Angeles Olympysk kampioen yn de klasse oer 82,5 kg, nei't er fjouwer jier earder yn Amsterdam it brûns wûn hie yn dizze klasse.

Foar de kriich wie Skobla plysjeman. Nei't de kommunisten oan de macht kamen, moast de antykommunistyske Skobla syn baan opjaan, en gie oan it wurk as akkountant en parttime útsmiter yn in kafee yn Praach. Jaroslav Skobla wie de heit fan kûgelstjitter Jiří Skobla, dy't op de Olympyske Spullen fan 1956, in brûnzen medalje wûn.
Jaroslav Skobla ferstoar op 22 novimber 1959, yn 'e âldens fan 60 jier, oan de gefolgen fan longkanker.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: