Springe nei ynhâld

Japanske miuw

Ut Wikipedy
Japanske miuw
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaimiuwen (Larus)
soarte
Larus crassirostris
Vieillot, 1818
IUCN-status: net bedrige

De Japanske miuw (Larus crassirostris) of swartsturtmiuw is in East-Aziatyske fûgel yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae).

Kop fan 'e Japanske miuw.

De Japanske miuw is in middelgrutte miuw mei in lingte fan 43-51 sm en in spanwiidte fan 126–128 sm. De kop is wyt, de boppekanten binne laaigriis en de wjukpunten binne folslein swart, mei gjin of allinich lytse wite plakken op 'e ein, lykas in soad oare miuwen yn it skaai hawwe. Njonken de swarte bân op 'e sturt is in oare typyske karakteristyk it reade en swarte plak oan 'e ein fan 'e relatyf lange snaffel. De poaten binne giel.

De soarte briedt yn súdeastlik Sibearje (ynklusyf de Koerilen en Sachalin), Japan, it Koreaanske Skiereilân en eastlik Sina (Shandong, Zhejiang en Fujian). Winterdeis is it ferspriedingsgebiet grutter en wurdt er yn it suden oant de noardlike Eastsineeske See oantroffen. Ut en troch binne der ek waarnimmings op Taiwan, yn Fjetnam, Tailân en de Filipinen oant sels Austraalje, Kanada, Meksiko en de Feriene Steaten. De Japanske miuw wurdt as monotypysk behannele, wat betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.

Juvenyl.

It biotoop bestiet út kustkriten, baaien en estuaria. It iten is ôfhinklik fan 'e tiid fan it jier en it plak dêr't it bist is. Se binne net tier en frette fiskjes, kreeften, slakken en wringeleaze dieren. De fûgel folget faak fiskersboaten en fertoant kleptoparasitêr gedrach, dat wol sizze dat er it fretten fan oare bisten stelt.

De soarte briedt yn koloanjes oan sân- of rotskusten of op rotsige eilannen. Koloanjes kinne wol mear as 10.000 pearkes telle.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling, dy't net bedrige wurdt. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018). De wrâldpopulaasje wurdt op 1,1 miljoen fûgels rûsd (2006).

Kabushima jinja

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kabushima jinja.

Yn de Japanske havenstêd Hachinohe stiet op it eilân Kabushima it Sjinto-hillichdom Kabushima jinja. Dat hillichdom waard yn 1269 troch fiskers stifte om dêr te bidden foar in goede feart en rispinge op 'e see. It hillichdom is ferbûn mei de Japanske miuw (海猫, umineko, "seekat" yn it Japansk) dy't tusken maart en augustus yn grutte oantallen op it eilân komme om dêr te nesteljen. De miuwen wurde assosjearre mei de boeddhistyske goadinne Benzaiten. De timpel baarnde yn 2015 ôf, mar ward tusken 206 en 2020 werboud.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: