Springe nei ynhâld

Japanske graupiper

Ut Wikipedy
Japanske graupiper
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljegraupiperfûgels (Prunellidae)
skaaigraupipers (Prunella)
soarte
Prunella rubida
Temminck & Schlegel, 1847
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De Japanske graupiper (Prunella rubida) is in Eastaziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e graupipers yn it skift fan 'e moskeftigen.

De Japanske graupiper is in 14 oant 16 sintimeter lange en donkere graupiper, dy't foar in grut part op 'e gewoane graupiper liket. De boppedielen binne donker kastanjebrún mei opfallende, donkerbrún-swarte en ljochtere brune streken. De ûnderkant, de kop (mei útsûnderingen fan in brune krún en in griisbrune nekke) en it gesicht binne griis. De flanken en de ûndersturtdekfearren ha reabrune streken. De blaugrize snaffel is slank en skerp.

Fersprieding en taksonomy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Japanske graupiper komt foar op de súdlike Koerilen yn Ruslân en yn Japan. Hy wurdt as monotypysk beskôge, mar ek wol ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

  • Prunella rubida rubida – komt foar op de súdlike Koerilen, yn súdlik Sachalin en op it Japanske eilân Hokkaido en oerwinteret op it Japanske eilân Shikoku.
  • Prunella rubida fervida – komt foar op it eilân Honshu yn Japan en oerwinteret op Kyushu.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Japanske graupiper briedt tichteby de beamgrins tusken dinnebeammen en tichte boskjes. Winterdeis is er te finen yn leafbosk, faak tichteby wetterrinnen, en ek yn snie- en strûkgebieten. Hy libbet fan wringeleazen en, foaral yn 'e winter, ek fan sied. De fûgel foerazjearret faak ûnder strûken en yn 'e ûnderbegroeiing. De fûgel briedt tusken maaie en augustus en hat twa lechsels. Lykas by oare graupipers pearet it wyfke mei meardere mantsjes en kinne twa mantsjes sjoen wurde dy't deselde jongen fuorje. Noardlike populaasjes binne trekfûgels, wylst súdlike allinne op hichte migrearje.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar liket yn oantal te mankemearjen, hoewol net sa sterk dat er as bedrige beskôge wurdt. De Ynternasjonale Uny foar Natuurbeskerming (IUCN) neamt de soarte as 'net bedrige' (LC). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt omskreaun as frij gewoan.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: