Springe nei ynhâld

Japansk reidimerke

Ut Wikipedy
Japansk reidimerke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje imerkesjongerfûgels (Locustellidae)
skaai imerkesjongers (Helopsaltes)
soarte
Helopsaltes pryeri
Seebohm, 1884
IUCN-status: gefoelich

It Japansk reidimerke (Helopsaltes pryeri, synonym: Locustella pryeri) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e imerkesjongerfûgels (Locustellidae) út it skaai imerkesjongers (Helopsaltes).

De wittenskiplike namme fan 'e fûgel ferwiist nei de Britske entomolooch Henry James Stovin Pryer (1850-1888), dy't in wichtige bydrage levere oan 'e stúdzje fan 'e Japanske fauna.

Oant 2018 wie de fûgel yndield yn it skaai strûksjongers (Locustella). In yn 2018 publisearre molekulêr fylogenetyske stúdzje fan 'e famylje fan 'e imerkesjongerfûgels wiisde út dat it skaai Locustella út twa klades bestie. Mei fiif oare soarten ferhûze it Koreaansk reidimerke nei it nije skaai Helopsaltes.

De likernôch 14 sm lange fûgel hat ljocht brúneftige boppedielen mei swarte streken, útsein op 'e stút en de foarholle. De wynbroustreek is net skerp en feal. De bleekgiele búk wurdt op 'e flanken donkerder. De ûndersturtdekfearren binne bleekgiel.

De soarte libbet yn 'e reidfjilden yn dielen fan Sina, Japan, Mongoalje en Sibearje en is ynsidinteel waarnommen yn Súd-Koreä en Tailân.[1]

De populaasje fan 'e soarte is relatyf lyts en fragmintearre yn in oantal isolearre populaasjes. Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne troch de ferneatiging fan wiete gebieten yn sawol de briedgebieten as de wintergebieten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: