Springe nei ynhâld

Janusz Kusociński

Ut Wikipedy
Janusz Kusociński
sporter
Janusz Kusociński (1932)
Janusz Kusociński (1932)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Janusz Tadeusz Kusociński
nasjonaliteit Poalsk
bertedatum 15 jannewaris 1907
berteplak Warsjau
stjerdatum 21 juny 1940
stjerplak Palmiry
lingte 1.67 m
gewicht 72 kg
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel Hurdrinnen
O.S. Berlyn 1932
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1932
Sulver grut sulver 1x EK 1934

Janusz Tadeusz Kusociński (Warsjau, 15 jannewaris 1907 - Palmiry, 21 juny 1940) wie in Poalsk atleet.

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, op de 10.000 meter yn in Olympysk rekôr fan 30.11,4. Hy krige lykwols nea de kâns syn titel te ferdigenjen.

Grêf fan Janusz Kusociński op it earehôf by Palmiry

Yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne Kusociński by it Poalske leger en rekke oant twa kear ta ferwûne. Nei syn werstel wie er aktyf yn it Poalske ferset yn de Dútske besetting. Op 26 maart 1940 waard er troch de Gestapo oppakt en finzen set yn de Mokotówfinzenis. Trije moanne letter wie er ien fan de promininte Poalen dy't troch de Dútsers yn it Kampinosbosk by Palmiry fusillearre waard.
Janusz Kusociński ferstoar op 21 juny 1940, yn 'e âldens fan 33 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

[[Kategory:Poalsk soldaat