Springe nei ynhâld

Jannis Niewöhner

Ut Wikipedy
Jannis Niewöhner
akteur
Jannis Niewöhner op de Berlinale (2020)
Jannis Niewöhner op de Berlinale (2020)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJannis Niewöhner
nasjonaliteit Dútsk
berne30 maart 1992
berteplakHüls (Krefeld), Noardryn-Westfalen, Dútslân
jierren aktyf2002–no
prizenû.o. Undine Award (2012)

Jannis Niewöhner (berne op 30 maart 1992 yn Hüls by Krefeld Noardryn-Westfalen) is in Dútske akteur. Hy begûn al op iere leeftyd mei aktearjen en wie as bern al te sjen yn Dútske televyzjeproduksjes. Syn earste gruttere rollen hie er yn jongerein- en tillefyzjefilms yn 'e jierren 2000.

Syn bekendheid woeks sterk troch syn rol yn 'e saneamde Edelstein-trilogy: Rubinrot, Saphirblau en Smaragdgrün. Dy films binne basearre op 'e populêre jongereinboeken fan Kerstin Gier. Niewöhner spile dêr de rol fan Gideon de Villiers, de manlike haadpersoan njonken Gwendolyn Shepherd. Troch it grutte súkses fan 'e films, sawol yn Dútslân as ynternasjonaal, waard er in soarte fan tieneridoal.

Nei dat súkses socht Niewöhner nei mear ferskaat en ynhâldlike djipgong yn syn rollen. Sa spile er ûnder mear yn 'e film "4 Könige", in kritysk wurdearre dramafilm oer jongerein yn in psychiatryske ynrjochting. Ek wie er te sjen yn histoaryske en literêre filmbewurkingen, lykas de Netflix-produksje "The Last Kingdom", dêr't er yn it fyfte seizoen de rol fan Cynlaef fertolke. Njonken Jeremy Irons spile hy de rol fan 'e jonge diplomaat Paul von Hartmann yn 'e Netflix-film "Munich: The Edge of War" (2021).

Mei dy kombinaasje fan kommersjele súksessen en artistyk ambisjeuze projekten hat Niewöhner him ûntwikkele ta in serieuze akteur mei in breed repertoire yn film en televyzje.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
2002Tatortferskate rollentillefyzje
2004SOKO KölnGastroltillefyzje
2018BeatRobert 'Beat' Schlagfêste rol
2024The New LookWalter Schellenbergfêste rol
2025Die Nibelungen – Kampf der KönigreicheSiegfried von Xantenhaadrol
film
2004Der Schatz der weißen FalkenDirkbioskoopfilm
2006TKKG – TKKG und die Rätselhafte Mind-MachinePeter Timotheus “Tim” Carstenbioskoopfilm
2007Die wilden Hühner und die LiebeMaikbioskoopfilm
2008SommerLarsbioskoopfilm
2009GangsJanbioskoopfilm
2010Freche Mädchen 2Antonybioskoopfilm
2013RubinrotGideon de Villiersbioskoopfilm
2014SaphirblauGideon de Villiersbioskoopfilm
2016SmaragdgrünGideon de Villiersbioskoopfilm
2017High Society – Gegensätze ziehen sich anYannbioskoopfilm
2018MuteNicky Simsekbioskoopfilm
2019Der Fall ColliniJean‑Baptiste Meyerbioskoopfilm
2020Narziss und GoldmundGoldmundbioskoopfilm
2021Je suis KarlKarlbioskoopfilm
2021München – Im Angesicht des KriegesPaul von Hartmannbioskoopfilm
2023NapoleonHippolyte Charlesbioskoopfilm
2023Stella. Ein Leben.Rolf Isaaksonbioskoopfilm
2024Hagen – Im Tal der NibelungenSiegfried von Xantenbioskoopfilm
202522 BahnenViktorbioskoopfilm
2026Allegro PastellJerome Daimlerbioskoopfilm

Prizen / ûnderskiedingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
JierPriisKategoryWurkStatus
2008Undine AwardBêste jonge akteur - byrolSommerNominearre
2012Undine AwardBêste jonge akteurVier KönigeWinner
2014New Faces AwardBêste jonge akteurRubinrotNominearre
2015European Shooting StarOpkommende akteur yn Jeropa-Winner
2017Bayerischer FilmpreisBêste jonge akteurJonathan / Jugend ohne GottWinner
2017Jupiter AwardBêste Dútske akteurSmaragdgrünWinner
2017Roze Filmdagen AmsterdamPublykspriis bêste manlike akteurJonathanWinner
2019Grimme PreisBêste tillefyzje-akteurBeatWinner
2019Jupiter AwardBêste tillefyzje-akteurBeatNominearre
2019International Emmy AwardsBêste tillefyzje-akteurBeatNominearre
2020Deutscher SchauspielpreisPriis foar heule wurkKids RunWinner
2021Deutscher FilmpreisBêste manlike haadrolJe suis KarlNominearre
2021Preis des Saarländischen Rundfunks (Günter Rohrbach Filmpreis)Bêste akteursprestaasjeJe suis KarlWinner
2024Jupiter AwardBêste Dútske akteurStella. Ein Leben.Nominearre
2025Julius-Campe-PreisLiterêre en kulturele prestaasjes-Winner
Boarnen, noaten en/as referinsjes: