Springe nei ynhâld

Jann-Berghaus-Brücke

Ut Wikipedy
Jann-Berghaus-Brücke
Lokaasje
lânflagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Nedersaksen
plakLier
oerIems
farwei63 m
koördinaten53°13' N 5°25' E
Algemiene gegevens
boujier1989-1991
iepening17 maaie 1991
kostenDM 40.100.000
Eigenskippen
typebaskulebrêge
lingte464 m
breedte12 m
trochfarbreedte63 m
Kaart
Jann-Berghaus-Brücke (East-Fryslân)
Jann-Berghaus-Brücke

De Jann-Berghaus-Brücke is in brêge oer de Iems tusken it Dútske plak Bingum en de stêd Lier. De brêge foarmet ûnderdiel fan 'e Bundesstraße 436 en in omlieding by ôfsluting fan 'e Iemstunnel, bygelyks foar frachtweinen mei gefaarlike stoffen.

De earste brêge op it plak fan 'e hjoeddeiske Jann-Berghaus-Brücke waard yn 'e jierren 1937-1940 as in draaibrêge boud. Yn april 1945 waard dy brêge opblaasd.

Tusken 1948 en 1950 waard in nije brêge boud. By de iepening wie it de grutste draaibrêge fan 'e wrâld. Dy waard fanwegen brekfalligens yn 1991 ôfbrutsen. De brêge droech de namme fan Jann-Berghaus (1870–1954), dy't û.o. presidint fan it Ostfriesische Landschaft wie en him tige ynsette foar de regionale belangen.

Yn 'e jierren 1989-1991 waard in nije Jann-Berghaus-Brücke yn 'e foarm fan in baskulebrêge boud. De brêge hie in trochfarbreedte fan 40 m. Op 17 maaie 1991 waard de brêge iepene. De boukosten bedroegen DM 40.100.000.

Oan 'e Iems leit yn Papenburg de Meyer Werft, dy't oseaanskippen boud. Om de bou fan gruttere skippen mooglik te meitsjen, krewearre de werf foar in ferbreding fan 'e trochfariepening fan 'e brêge. Dêrmei waard yn 'e simmer fan 2008 útein set. Yn 'e maaitiid fan 2010 wie it wurk fan in ferbreding fan 'e trochfarbreedte oant 63 m foltôge.