Springe nei ynhâld

Jane Goodall

Ut Wikipedy
Jane Goodall
Jane Goodall (2015)
Jane Goodall (2015)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeValerie Jane Morris-Goodall
nasjonaliteit Britsk
berne3 april 1934
berteplakLonden
stoarn1 oktober 2025
stjerplakLos Angeles flagge fan de Feriene Steaten
etnisiteit Ingelsk
Welsk
wurkpaad
berop/amtBiologe
reden
  bekendheid
Stúdzje oer sjimpansees

Valerie Jane Morris-Goodall OBE (Londen, 3 april 1934 - Los Angeles de Feriene Steaten, 1 oktober 2025) wie in Ingelsk biologe spesjalisearre yn primaten. Goodall wie it meast bekend fan de stúdzje dy't hja fan 1960 ôf die, nei it sosjale en familiale libben fan de sjimpansee yn it Gombe Stream National Park yn Tanzania.

Goodall waard yn 1934 berne yn Londen as de dochter fan Mortimer Herbert Morris-Goodall (1907–2001), in sakeman, and Margaret Myfanwe Joseph (1906–2000), in romanskriuwster út Milford Haven, yn it Welske Pembrokeshire, dy't skreau ûnder it pseudonym Vanne Morris-Goodall.

Goodall wie al sûnt har jeugd ynteressearre yn bisten. Nei in sekretaresse oplieding wurke hja yn 1957 en 1958 as sekretaresse foar de antropolooch Louis Leakey yn Kenia. Fanwegen har foarleafde foar bisten frege Leakey har om by te dragen oan syn ûndersyk nei minsklike evolúsje. Dat hat derta laat dat Goodall de sjimpansees fan Gombe Stream National Park yn Tanzania fan 1960 ôf bestudearje sil. It waard de langstrinnende stúdzje nei wylde sjimpansees fan 'e wrâld.

Leakey soarge der ek foar dat Goodall yn 1962 weromkaam nei it Feriene Keninkryk, dêr't se yn 1965 har doktoraat yn de gedrachsbiology oan de Universiteit fan Cambridge helle. Hja folbrocht dat sûnder ea earder studearre te hawwen. Dêrnei gie se fierder mei har wurk yn Afrika.

Ien fan de grutste bydragen fan Goodall wie de ûntdekking dat sjimpansees wurktugen meitsje en brûke. Guon sjimpansees brûke takjes en twigen om termiten te fangen. De twiichjes wurde yn gatten stutsen dêr't har termiten befine. It twiichje wurdt dêrnei mei termiten bedutsen, weromlutsen en opiten troch de sjimpansee. Ta dizze ûntdekking waard tocht dat allinnich minsken ark brûke.

Fierders ûntduts se dat sjimpansees somtiden fleis ite, mienskiplik op jacht gean en oarloch fiere mei oare apesoarten en groepen sjimpansees.

Yn 1962 trof Goodall de fotograaf Hugo van Lawick. Se boasken yn 1964. it pear krige ien bern, it houlik rûn yn 1974 op 'e non. Yn 1975 boaske Goodall mei Derek Bryceson, direkteur fan de nasjonale parken fan Tanzania. Hy ferstoar yn 1980 oan kanker.

Jane Goodall ferstoar op 1 oktober 2025, yn 'e âldens fan 91 jier, wilens in rige lezingen yn Kalifornje oer har wurk.

  • 1969 - My Friends the Wild Chimpanzees
  • 1971 - Innocent Killers
  • 1971 - In the Shadow of Man
  • 1972 - Grub: The Bush Baby
  • 1986 - The Chimpanzees of Gombe: Patterns of Behavior
  • 1988 - My Life with the Chimpanzees
  • 1989 - The Chimpanzee Family Book
  • 1989 - Jane Goodall's Animal World: Chimps
  • 1989 - Animal Family Series: Chimpanzee Family; Lion Family; Elephant Family; Zebra Family; Giraffe Family; Baboon Family; Hyena Family; Wildebeest Family
  • 1990 - Through a Window: 30 years observing the Gombe chimpanzees
  • 1991 - Visions of Caliban
  • 1994 - With Love
  • 1999 - Brutal Kinship
  • 1999 - Reason For Hope; A Spiritual Journey
  • 1999 - Dr. White
  • 2000 - 40 Years At Gombe
  • 2000 - Africa In My Blood
  • 2000 - The Eagle & the Wren
  • 2001 - Beyond Innocence: An Autobiography in Letters, the later years
  • 2001 - Chimpanzees I Love: Saving Their World and Ours
  • 2002 - The Ten Trusts: What We Must Do To Care for the Animals We Love
  • 2004 - Rickie and Henri: A True Story
  • 2005 - Harvest for Hope: A Guide to Mindful Eating
  • 2009 - Hope for Animals and Their World: How Endangered Species Are Being Rescued from the Brink
  • 2013 - Seeds of Hope: Wisdom and Wonder from the World of Plants
  • 2021 - The Book of Hope
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL