Jan van der Meer (1932)
Jan van der Meer (Garyp, 11 maart 1932 - It Hearrenfean, 30 septimber 2016) wie in Nederlânsk politikus fan de PvdA.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1950 ôf hat er efterelkoar wurke by de gemeenten Emmeloard, It Hearrenfean, It Amelân, Dantumadiel en fan 1963 ôf oan Stienwyk. Njonken syn wurk studearre er rjochten en is dêr ek yn ôfstudearre. By de gemeente Stienwyk wie er referindaris-loko-sekretaris foar't er ier yn 1976 ta boargemaster fan Raerderhim beneamd waard. By de gemeentlike weryndieling yn Fryslân op 1 jannewaris 1984 gie Van der Meer syn gemeente op yn de nije gemeente Boarnsterhim en waard er beneamd as boargemaster fan de nije gemeente Nijefurd. Op 1 jannewaris 1993 gie er dêr betider mei pinsjoen nei 42 jier oerheidstsjinst.
Van der Meer wie ek ien fan de inisjatyfnimmers foar it oprjochtsjen fan it Jopie Huisman Museum en earelid fan Keninklike Iisferiening Thialf. Yn 1993 waard er Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Van der Meer is op 30 september 2016 ferstoarn yn de âldens fan 84 jier yn syn wenplak It Hearrenfean.