Springe nei ynhâld

Jan van Cuijk (mûne)

Ut Wikipedy
Jan van Cuijk
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Brabân
gemeente Lân fan Cuijk
plakSint Agatha/Cuijk
adresHeerstraat 4
koördinaten51°43'N 5°53'E
bysûnderheden
funksjenôtmûne
flecht23 m
boujier1869
oare ynformaasje
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer11621
Kaart
Jan van Cuijk (Noard-Brabân)
Jan van Cuijk

De Jan van Cuijk is in rûne bakstiennen nôtmûne yn it Noardbrabânske plak Cuijk. Offisjeel stiet de mûne yn Sint Agatha, mar de mûne is hjoed-de-dei troch de útwreiding fan Cuijk ynboud en wurdt ek Cuijkske mûne neamd.

De mûne waard yn 1869 as bast- en nôtmûne likernôch 3 km bûten Sint Agatha oan 'e wei nei Cuijk boud en ferneamd nei Jan I fan Cuijk, lânhear fan Cuijk en freon fan kening Edwert I fan Ingelân en de hartoch fan Brabân. Op 'e burd fan 'e mûne stiet it jiertal 1860, mar út argyfstikken hat bliken dien dat de bou fan 'e mûne yn 'e jierren 1868-1869 plakfûn, nei't Josephus van der Steen twa stikken boulân op 'e Kouwenberg oankocht.

Sûnt 1905 waard der gjin bast mear ta poeier mealle. Der waard allinnich noch nôt mealle en letter ek allinnich noch foar feefoer. By it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich sloech it fjoer fan in troch de Dútsers yn brân stutsen skuorre oer op 'e mûne. De doetiidske mûnder wist lykwols it fjoer te dwêsten sadat tefoarren kommen waard dat de hiele mûne ôfbaarnde. Yn 1941 folge in restauraasje en dêrby krige de mûne syn hjoeddeiske wite kleur, waarden de wjukken útrist mei it Bussel Systeem en de bult ôfgroeven en ferfongen troch in stiennen pakhûs.

By de befrijing wisten de Amerikanen Cuijk hiel gau te befrijen, mar de oare kant fan 'e Maas bleau langer yn Dútske hannen. De nôtmûne leit net fier fan 'e Maas en waard doe in pear kear goed rekke by de besjittings. De foltreffers sloegen twa foarse gatten yn 'e mûne en ferneatigen it hiele binnenwurk, mar de mûne bleau stean en it noch hast nije wjukkekrús oerlibbe. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de mûne gaueftich restaurearre en de wjukken krigen dêrby remkleppen.

Ein jierren 1950 waard fanwegen de hege ûnderhâldskosten fergunning oanfrege om de mûne dochs mar ôf te brekken, mar de gemeente wegere die te jaan. Wol waard der útein set mei in elektrysk mealbedriuw. Yn 1972 kocht de gemeente de mûne fan 'e lêst mûnder oan. De mûne waard in monumint en der moast socht wurde nei in nije funksje. Der wie belangstelling om yn' e mûne te wenjen, mar lang om let keas de gemeente der foar om de mûne fasearre wer mealree te meitsjen.

Sûnt in hiel skoft koene de stiennen fan 'e mûne allinnich noch mar feefoer mealle, mar yn 2005 binne de stiennen sa restaurearre dat der ek wer foar minsklike konsumpsje mealle wurde kin. Ek is it pakhûs ferboud ta in winkel dêr't produkten fan 'e mûne ferkocht wurde.

De mûne draait regelmjittich op sneonen troch frijwillige mûnders en hat de status fan ryksmonumint.

  • Stefan Willem en Paul Kater Geleefd van de Wind, ISBN: 9789403658025
Boarnen, noaten en/as referinsjes: