Jan ten Cate

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jan ten Cate

Jan ten Cate (Snits, 29 jannewaris 1828 - dêre, 10 juny 1876) is in eardere leartouwer, politikus, boargemaster en filantroop yn Snits.

Komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ten Cate waard berne as soan fan in learloaier en boargemaster Steven Theunis ten Cate en syn frou Johanna Gerrits van Delden. De húshâlding kaam út in foaroansteand en fermogend mennistelaach út de Achterhoek. Hy boaske op 28 augustus 1851 syn skoansuster Popkje Siebes Tuijmelaar. De famylje hie iik- of runmole De Hoop mei de byhearrende fellebleaterij oan de Wâldfeart. Nei de dea fan syn heit sette Jan mei syn broer Teunis it bedriuw fuort (syn broer wie lykwols ek syn sweager).

Tragysk gezinslibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harren earste soan, Steven (3 maaie 1853) ferstoar yn syn Leienske studinteperioade opit skip "Hercules" op (23 oktober 1880). Syn twaddde soan Siebe Johannes (27 jannewaris 1859) makke yn Parys, dêr't hy op 8 desimber 1908 ferstoar, karriêre as keunstskilder fan ympresjonistyske lânskippen en stedsgesichten. Om 7 jannewaris 1864 waard de earste dochter fan it span berne. Twa wiken nei har berte ferfard de húshâlding nei it lúkse wenhûs Wijde Noorderhorne 1. Dy earste dochter, Anna Jeltsje I, ferstoar op trijejierrige leeftiid. Nei de ferhuzing krige de húshâlding in soan, Theunis (oerlibbet syn âlden). Dochter Berber bleau ek yn libben. Dochters Johanna Francyntje (fiif jier), Anna Jeltsje II (< 1 jaar) en, sasein, Anna Jeltsje I ferstoaren yn harren iere jeugd.

Politike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neist syn wurk yn de learloaierij fûn Ten Cate it fan belang him te wijen oan it algemien belang. Hy waard yn 1867 ta gemeenteriedslid keazen. Yn 1868 waard hy wethâlder, wêrûnder ek it regintskip fan de Snitser finzenis foel. Doe't boargemaster Hamerster Dijkstra ôftrede waard Jan ten Cate by Keninklik Beslút fan 27 septimber 1873 beneamd ta boargemaster fan Snits. Syn heit ferfolde dy fynksje al tusken 1838 en 1854.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 10 juny 1876 ferstoar Jan ten Cate, 48 jier âld. De Sneeker Courant kaam nei it fertsjerren fan Ten Cate mei de berjochtjouwing:

In de kracht zijns levens ging hij reeds van ons heen, na slechts gedurende ruim een tweetal jaren aan het hoofd onzer Gemeente te hebben gestaan. Zeker een kort tijdsbestek! En toch: ook weer lang genoeg om den rechtschapen, humanen man ook in zijn nieuwen werkkring te leeren hoogachten en waardeeren, en den kring zijner vrienden en vereerders aanmerkelijk uit te breiden.
Zullen velen, nu hij is heengegaan, een flinken raadsman, een waren vriend, ontbeeren - onze gemeente verliest in hem een zijner waardigste burgers, een man met een helder hoofd, een krachtigen arm en een warm hart; - zij mist een man, die steeds getoond heeft zich gaarne velerlei moeite en opofferingen te willen getroosten, waar het gold de bevordering van den bloei en het welzijn onzer gemeente, zoowel op zedelijk als stoffelijk gebied.
Laat zijn spoedig heengaan een ledige plaats bij ons achter, die moeilijk op waardiger wijze zal kunnen worden ingenomen - de herinnering aan het goede dat hij voor ons gedaan heeft en nog had willen doen, - indien hem daartoe de tijd ware gegund - zal de nagedachtenis van den heer J. ten Cate onder de ingezetene van Sneek zeker langen tijd in gezegend aandenken doen blijven.|Sneeker Courant, 14 juni 1876[1]

Op 16 juny 1876 stie it deiske libben yn Snits efkes stil as boargemaster Ten Cate begroeven waard op it Algemiene Begraafplak. Alle bestjoersorganen, leden fan de gemeenteried, alle gemeentlike amtners, alle leraren fan alle skoallen, alle doktors, geastliken, ferienings, de leden fan de rederikerskeamer (dêr't Ten Cate beskermhear en earelid fan wie) en in soad ynwenners fan de stêd wienen by de útfeart. By de oankomst fan de lykstaasje spruts ûnder mear de wyls oanstelde waarnimmend boargemaster Van Driessen wêrnei't it lichem beierdige waard.

Nei it fertsjerren fan de widdo fan Ten Cate brochten de trije nog yn libben wêzende bern (Steven, Berber, Siebe Johannes en Teunis) in boek út oer harren âlden. It boek hat as titel Losse Nagelaten Dichtregelen van J. ten Cate en is tsjintwurdich noch yn te sjen yn it Frysk Skipfeart Museum.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Uttreksel Sneeker Courant