Jan de Rooy (rallykoereur)
Jan de Rooy (rallykoereur) | ||
![]() | ||
![]() | ||
Jan de Rooy (1979) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johannes de Rooy | |
bynamme | Ome Jan, L'ours | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 19 febrewaris 1943 | |
berteplak | Eindhoven | |
stjerdatum | 30 jannewaris 2024 | |
stjerplak | Middelbeers | |
Autosport karriêre | ||
jieren aktyf | 1969 - 1982 (Rallycross), 1982 - 2009 (Dakar Rally) | |
ûnderdiel | Rallycross, Woestijnrally | |
klassen | Frachtweinen (Dakar Rally) | |
Teams | DAF, De Rooy | |
Tal poadia | ![]() ![]() ![]() |
Johannes (Jan) de Rooy (Eindhoven, 19 febrewaris 1943 - Middelbeers, 30 jannewaris 2024) wie in Nederlânsk koereur. Hy waard bekend troch syn dielname oan de Dakar Rally en dêrfoar oan de rallycross. Hij wie de heit fan earder koereur Gerard de Rooy.
Rallycross
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Rooy, dy't yn syn jonge jierren al by motorcross-wedstriden aktyf wie, waard yn de jierren 1969 oant en mei 1982 ynternasjonaal bekend troch syn dielname oan de rallycross. Nei syn earste wedstriid, yn 1969 mei in Mini Cooper yn Elst. En ferfolgens mei ferskate auto modellen fan it merk DAF. Syn DAF 555 Coupé 4 WD hie in grut foardiel: de F3-Sport-Variomatic yn kombinaasje mei in ienfâldich 4×4-systeem. Yn 1971 wûn De Rooy mei "het bultje" alle seis kampioenskipswedstriden, en yn '1972 wiene de no mear as 200 pk sterke Camel-DAF's fan Jan en syn broer Harry alwer hast ûnferslaanber.
Dakar Rally
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Parys-Dakar oant 1988
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1982 ôf die De Rooy mei oan de rallyraid Paris-Dakar yn de frachtweinklasse. Yn 1984 waard in frachtwein mei de dûbele kabine ynset. De wein wie net útrist mei twa kabines om efterút mei ride te kinnen, mar om elke as oan te driuwen troch syn eigen motor. Dizze wein foel út, mar liet wol it paad sjen dêr't DAF hinne gie. Yn 1986 kaam de earste fan in searje Turbotwins út. Net allinnich waarden de trucks útrist mei twa motoaren mei op beide ek in turbo. Resultaat wie dat De Rooy de rally winne soe, mar hy waard spitigernôch diskwalifisearre. It jier derop, yn 1987, leit er mei de TurboTwin II wol beslach op it frachtweinklassemint fan de Dakar rally mei in foarsprong fan mear as 14 oeren op de nûmer 2 en waard er alfde overall tusken de auto's en motors. Doe't yn 1988 in folslein nije TurboTwin útkaam, woe DAF mear as allinnich mar winne en sette it twa trucks yn, de X1 en X2. De X2 waard bestjoerd troch Theo van de Rijt. It needlot sloech lykwols ta: de twadde frachtwein, mei oan it stjoer Van de Rijt, gie oer de kop en de navigator Kees van Loevezijn waard mei stoel en al út de frachtauto slingere en lei sa'n 80 meter fan de truck wei. Hy ferstoar op it plak fan it ûngelok oan syn ferwûnings. DAF luts him dêrnei werom út de rallysport.
2002-2009
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It duorre oant 2002 foardat Jan de Rooy wer oan de start stie fan de Dakar, mar nei oanhâldend oantrúnjen fan syn soan Gerard begûn De Rooy yn 2002 wer oan it aventoer yn "de sânbak". De Rooys diene de jierren derop (mei heit en soan elk mei in eigen wein) alwer mei foar de poadiumplakken. Foar de edysje 2006 waard De Rooy de start wegere; de truck soe net foldwaan oan de foarskriften.Yn 2007 behellen heit en soan beide de einstreek net. Yn 2008 stie De Rooy wer oan de start. De regleminten wiene feroare, wêrtroch't teams sels in sjassy en motor kieze koene. De Rooy keas foar it riden mei Ginaf-trucks mei Iveco-motoaren. De rally waard foartidich skrast yn ferbân mei in terreurdriging. Yn 2009 besleat De Rooy definityf mei it rallyriden op te hâlden.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Rooy wie boaske mei Annie, it pear krige trije bern. Tegearre mei syn âldere broer Harry, wie er de mei-oprjochter en earder eigener fan it transportbedriuw G.M. De Rooy & Zonen yn Son en Breugel. Syn soan âld-koereur Gerard de Rooy, hat it bedriuw oernaam. Jan de Rooy ferstoar op 30 jannewaris 2024, yn 'e âldens fan 80 jier, nei in koartduorjende sykte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|