Springe nei ynhâld

Jan de Rapper

Ut Wikipedy
Jan de Rapper
Jan de Rapper
Jan de Rapper
persoanlike bysûnderheden
namme Jan de Rapper
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 30 april 1907
berteplak Burgum
stjerdatum 15 juny 1988
stjerplak Ysbrechtum
etnisiteit Frysk
klupskiednis
posysje Middenfjilder
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1929-1938 VV Black Boys

Jan de Rapper (Burgum, 30 april 1907 - Ysbrechtum, 15 juny 1988) wie in Frysk fuotballer foar VV Black Boys, in fersetsstrider ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn de Groep Lever, dy't ta de Binnenlânske Striidkrêften behearde, en in bekend ûndernimmer yn Snits.

Jonkheid, oplieding en wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Rapper waard yn 1907 berne as twadde soan fan koperslagger Marten de Rapper (1879-1963) en Tjitske Lourens (1882-1956) yn in húshâlding mei 12 bern.
Hy makke allinne de legere skoalle ôf, mar folge letter lessen yn taal, rekenjen, elektra, radio, gas- en wetterlieding. Yn 1936 troude er mei Grietje Smith (1917-2006). It pear krige twa soannen: Marten de Rapper (1937-2018) en Jildert de Rapper (1944-1996). De Rapper wurke earst as gas- en wetterfitter en elektrisien.

Sa gau't Willem Santema in saak iepene oan Oud Kerkhof yn Snits, kaam De Rapper yn tsjinst as monteur. Yn 1941 iepene Santema in twadde pân oan de Oosterdijk 76 en waard De Rapper filiaalhâlder. Hy wenne mei syn húshâlding boppe dy saak.

Opropkaart fan VV Black Boys foar Jan de Rapper, om 1931

Jan de Rapper wie yn alle gefallen fan 1929 oant 1938 lid fan voetbalvereeniging Black Boys yn Snits. Hy kaam út foar it earste alvetal, wie middenfjilder en in skoft oanfierder. Op 14 maaie 1931 behelle er mei Black Boys de twadde klasse. Nei de oarloch degradearre de feriening.

Ferset en Groep Lever

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1945 Verklaring Ned. Binnenlandse Strijdkrachten Jan de Rapper Sneek

It hûs fan De Rapper (de saak fan Willem Santema) oan de Oosterdijk 76 wie in kontaktpunt fan ferset foar Groep Lever en der waarden wapens opslein. De Rapper hat mear as ien kear tegearre mei Dick Brouwer (Bontje) wapens ferfierd mei de bakfyts foar de NBS.
Op in jûn yn 1942 loadste De Rapper foar Willem Santema trije ûnderdûkers by de Dútsers lâns en brocht se nei it adres fan syn broer Douwe de Rapper. De man, frou en harren soantsje hawwe dêr 2,5 jier ûnderdûkt sitten en hawwe de oarloch oerlibbe.
Dêrneist hie De Rapper in aktive rol yn it fersprieden fan yllegale kranten, lykas Vrij Nederland, Trouw en Ons Volk den Vanderlant ghetrouwe.

Op 23 desimber 1943 waard Willem Santema oppakt. Hy briefke út kamp Haaren wei mei De Rapper.

Op 5 septimber 1944 waarden de Binnenlânske Striidkrêften by Keninklik Beslút oprjochte. Maart 1945 ûntfong De Rapper de ferklearring dat er yn de funksje fan groepskdt ûnderdiel wie fan de Ned. Binnenlandsche Strijdkrachten fan distrikt Snits, behearend ta g.gn.

Op snein 15 april waard Snits (en it grutste part fan Fryslân) befrijd. De NBS-ers sieten dy sneins earst yn it haadkertier: de âlde HBS oan de Westersingel yn Snits. In groepsfoto fan de NBS-groep fan Snits dy't op de dei fan de befrijing yn de HBS-skoalle siet, toant De Rapper op de tredde rige rjochts neist de midden. Syn broer Douwe stiet twadde fan rjochts yn de boppeste rige. Letter teagende NBS-ers de stêd yn en om fjouwer oere hinne hiene se alle strategyske punten fan de stêd yn hannen.

Yn 1946 krige De Rapper it oantinsynsynje fan de B.S. en in dêrby hearrende oarkonde fan Prins Bernard. Yn de mei de hân skreaune brief fan de Befelhawwer Nederlânske Striidkrêften, Prins Bernard, waard De Rapper tanke foar syn tawijing en tsjinsten dy't er it lân betoand hie.

Jan de Rapper by de iepening fan syn saak oan de Oosterdijk 76 yn Snits yn 1957

De Rapper ûntfong ek in tankbrief, ûndertekene troch P. Windham-Wright, Major Officer Commanding, foar syn tsjinsten oan de alliearden. In op 1 juny 1946 datearre brief, ûndertekene troch Frank M. S. Johnson, Military Attache, betanke De Rapper ek foar syn help.

Op 9 augustus 1946 wie De Rapper oanwêzich by de gedachtenisgearkomst yn Vught op it fusilladeplak fan Willem Santema.

By it Joods Nationaal Fonds is yn 1947 troch de ûnderdûkers dy't yn 1942 lâns de Dútsers smokkele wiene foar De Rapper in beam set.

De Rapper wie lid fan de Vereeniging Friesland '40-'45 fan it distrikt en de gemeente Snits.

Nei 1945 setten De Rapper en de frou fan Willem Santema dy syn saak noch in pear jier troch. Op it lêst naam De Rapper yn 1949 yn oerlis de saak oan de Oosterdijk oer. Yn 1950 waard de saak ynskreaun by de Sintrale Ambachtsadministraasje as elektrotechnysk ynstallaasjebedriuw, radioreparaasjebedriuw, leadjitters-, koper- en blikslakgers en sanitêr ynstallaasjebedriuw. Yn 1957 waard de saak ferboud en fergrutte. Der folge in feestlike iepening. Der wie romte foar in winkel yn wytguod en in wurkpleats. Underwilens wiene der al 9 persoanen oan it wurk yn de saak. Ta de klanten hearden û.o. it Tonnemafabryk. Yn 1962 waard de saak ferkocht oan de eardere wurknimmer Doede de Boer. De saak ferhuze nei in dêr foaroer lizzend pân oan de Oosterdijk 89 en is in yn it each rinnend gebou fan Snits wurden .

  • Onbekend (1974), het gouden boek, 50 jaren "Black Boys"
  • Rapper, M. de (1979), De familie de Rapper door de eeuwen heen
  • Rapper, Y. de (2019), Jan de Rapper, Verzetsman in Sneek. ISBN 978-90-79962-09-9
  • Walinga, C. (1995), 'Snits is op sokken befrijd' , Sneeker Nieuwsblad, 13 april, s. 13
  • Wijbenga, P. (1975), Bezettingstijd in Friesland, De Tille: s. 271-272

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: