Springe nei ynhâld

Jan Ymtes Heeg

Ut Wikipedy
Jan Ymtes Heeg
keatser
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJan Ymtes Heeg
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum11 maaie 1897
berteplakEasterein
stjerdatum24 novimber 1982
stjerplakLjouwert
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
sportkeatsen
PC1919,
1921,
1922
karriêre-ein1916
ekstra1× PC kening (1921)
wichtige prestaasjes
1932

Jan Ymtes Heeg (Easterein, 11 maaie 1897 - Ljouwert, 24 novimber 1982) wie in Frysk keatser.

Heeg helle 123 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1911 wûn er mei Easterein de Freulepartij. Dêrnei waard it in pear jier stil om de boeresoan út Easterein hinne, om't de oergong fan de jongeskategory nei de senioaren eartiids tige grut wie.

Yn 1919 wûn er mei Sybolt Meyes Tigchelaar fan Dronryp en Anne Smidts fan Frjentsjer foar de earste kear de PC. Twa jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Taede Zijlstra fan Wytmarsum en Rinze Rinzes Yetsenga fan Arum, Jan Ymtes Heeg waard ta kening útroppen. It jier dêrnei helle er dat nochris, mei deselde maten as yn 1921.

Nei syn karriêre as keatser waard er skiedsrjochter.
Jan Ymtes Heeg ferstoar op 24 novimber 1982 yn de âldens fan 85 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: